Wisława Szymborska

Ut Wikipedy
Wisława Szymborska, oktober 2009

Wisława Szymborska, Maria Wisława Anna Szymborska (Bnin (Kórnik), 2 july 1923Krakau, 1 febrewaris 2012) wie in Poalske dichteresse.

Sy sette al útein mei dichtsjen doe't hja noch mar fjouwer jier wie. Sy wûn de Nobelpriis foar de Literatuer yn 1996. It wurk fan de 'Mozart fan de poëzy', sa't sy wol neamd is, wurdt skaaimerke troch in leafdefol sjen nei deistige saken. De gedichten fan Szymborska wurdt faak omskreaun as 'boartlik', 'iroanysk', 'paradoksaal' en 'ferrassend'. Foar de bondel Dwukropek krige hja yn 2006 de publyksferzje fan de Poalske Nike-literatuerpriis.

John Albert Jansen makke in dokumintêre oer Szymborska foar de útstjoering fan Het uur van de wolf fan 14 juny 2011.[1]

Wichtichste wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1952: Dlatego żyjemy ("Dêrom libje wy")
  • 1954: Pytania zadawane sobie ("Jinsels ôffreegje")
  • 1957: Wołanie do Yeti ("Roppe om Yeti")
  • 1962: Sól ("Sâlt")
  • 1966: 101 wierszy ("101 gedichten")
  • 1967: Sto pociech ("Gjin ein oan wille")
  • 1967: Poezje wybrane ("Karút poëzy")
  • 1972: Wszelki wypadek ("Hawwe kind")
  • 1976: Wielka liczba ("In grut oantal")
  • 1986: Ludzie na moście ("Folk op de brêge")
  • 1992: Lektury nadobowiązkowe ("Net-ferplichte lektuer")
  • 1993: Koniec i początek ("De Ein it Begjin")
  • 1996: Widok z ziarnkiem piasku ("Sicht mei in sânkerrel")
  • 1997: Sto wierszy - sto pociech ("100 gedichten - 100 blide mominten")
  • 2002: Chwila ("Momint")
  • 2003: Rymowanki dla dużych dzieci ("Rimen foar grutte bern")
  • 2005: Dwukropek
  • 2009: Tutaj ("Hjir")

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Speelsheid als afweermechanisme