William Hunter (anatoom)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
William Hunter

William Hunter FRS (23 maaie 1718 - 30 maart 1783) wie in Skotske anatoom en dokter, teffens samler fan boeken en munten.

Hy waard berne yn Long Calderwood ûnder East Kilbride, South Lanarkshire, de âldere broer fan de sjirurch John Hunter. Nei in stúdzje teology oan de Universiteit fan Glasgow, die er de stúdzje medisinen yn 1737; hy studearre by William Cullen. Hy wie in foaroansteand anatomydosint en ferloskundige yn dy tiid.

Karriêre[bewurkje seksje | edit source]

Hunter waard learling by William Smellie (1741–44) studearre anatomy yn it St George's Hospital, Londen, spesjalisearre him yn ferloskunde en joech dêr letter ûnderwiis yn operaasjemetoaden, ferbinen en ûntleden. Hy waard bekend om syn hurde skreppen en wie noflik yn de omgong. By ortopedyske-sjirurgen is er ferneamd wurden fanwege syn stúdzje fan bonke en krasbien.

Yn 1764 waard er liifdokter fan Keninginne Charlotteen yn 1767 waard er keazen as Fellow of the Royal Society in en professer yn de anatomy oan de Royal Academy yn 1768.

Side út The Anatomy of the Human Gravid Uterus Exhibited in Figures

Yn 1768 boud er in ferneamde anatomy-snijseal en -museum yn Great Windmill Street, Soho, dêr't de bêste anatomen en sjirurgen fan dy tiid oplaat waarden. Syn wichtichste wurk wie Anatomia uteri umani gravidi ('De anatomy fan de minslike swiere uterus yn bylden sjen litten') (1774), mei platen fan Rymsdyk (1730–90),[1] en publisearre troch de Baskerville Parse. As foarbyld foar syn heldere, sekuere, mar skematyske anatomyske tekeningen keas er foar dy fan Leonardo da Vinci dy't bewarre waarden yn de Keninklike samling op Windsor Castle: Kenneth Clark beskôget Hunter as de werûntdekker fan Da Vinci's tekeningen yn Ingelân.

Yn 1775 joech Hunter byldhouwer Agostino Carlini opdracht om in ôfjitsel te meitsjen fan in koart dêrfoar eksekutearre krimineel, in smokkelder. Letter waard der in samling oanlein fan getten bylden fan swiere frouljusliven, dy't iepenlein wiene sadat it bern yn ferskillende fasen fan ûntwikkeling te sjen wie en yn ferskate ôfwikende lizzings. (It wie doetiids net ûngewoan dat 'stúdzjemateriaal' foar anatomen troch grêfrôvers levere waard. Fierders waarden liken fan finzenen en ta de dea feroardielden brûkt)
Hunter wie ek anatomy-learaar oan de Royal Academy of Arts yn Londen fan 1769 oant 1772.[2] Hy hie niget oan keunst en hie in soad kunde yn artistike fermiddens.

Yn 1770 liet er in hûs sette yn Glasgow dat hielendal ûntwurpen en ynrjochte wie foar it útoefenjen fan syn wittenskiplike arbeid; it foarme it hert fan it lettere Hunterian Museum and Art Gallery fan de Universiteit fan Glasgow..

Munte- en boekesamler[bewurkje seksje | edit source]

William Hunter wie warber samler fan antike munten en boeken; it Hunter muntekabinet yn it Hunterian Museum is ien fan grutste kolleksjes yn de wrâld. Neffens it foarwurd fan de Catalogue of Greek Coins in the Hunterian Collection (Macdonald 1899) garre Hunter in protte wichtige kolleksjes, ek dy fan Horace Walpole en de bibliofyl Thomas Crofts. Kening George III skonk sels in Ateensk goudstik.

Doe't de ferneamde boekesamling fan Anthony Askew, de Bibliotheca Askeviana, feile waard yn 1774, kocht Hunter in protte wichtige boeken dêr't it Britsk Museum ek tige op longere.

Hunter stoar mei 64 jier en waard begroeven yn St James's, Piccadilly yn Londen..

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • Medical commentaries. Londen, 1762 (2 bannen)
  • Anatomy of the human gravid uterus. Londen, 1775

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Thornton, John L. 1982. Jan van Rymsdyk: medical artist of the eighteenth century. Oleander Press, Cambridge.
  2. Kemp M (ed) 1975. Dr. William Hunter at the Royal Academy of Arts. Glasgow.

Dit artikel is oerset fan de Ingelsktalige Wikipedia, William Hunter (anatomist)