Wilhelmus van Berkel

Ut Wikipedy
Wilhelmus van Berkel
persoanlike bysûnderheden
berne 5 febrewaris 1869
stoarn 11 desimber 1952
wurkpaad
berop/amt slachter, útfiner
bekendste
  wurk(en)
Berkelfleissnijmasine

Wilhelmus Adrianus van Berkel (Enschot, 5 febrewaris 1869Montreux, 11 desimber 1952) wie in Nederlânske útfiner en ûndernimmer foaral bekend fan de útfining fan de fleissnijmasine.

Van Berkel wie in slachter mei in soad niget oan meganika. Hy woe in masine meitsje dêr't er fleis mei snije koe. Nei't er it ferskate kearen besocht hie, krige er it goede idee: in draaiend mes dat heaks stiet op in beweechbere plaat mei fleis derop dy't hinne en wer giet by it draaiende mes lâns en sa op it fleis plakjes snijt. Sa waard de meganyske snijmasine útfûn.

Op 12 oktober 1898 rjochte Van Berkel it earste fabryk yn Rotterdam [1] op en al yn 1899, in jier nei de oprjochting leveret de Van Berkel's Patent Company Ltd 84 snijmasines. Yn de jierren dêrnei gie de produksje tige fluch omheech.

Yn de Earste Wrâldoarloch waard in ferskaat oan produkten makke: neist snijmasines, waarden der ek hannelsweachskalen, draaibanken, meganyske ynstruminten yn it algemien en sels fleantugen yn lisinsje produsearre. [2]

Wilhelmus van Berkel ferstoar yn 1952 yn Switserlân. It bedriuw bestiet noch hieltyd mei de haadsit yn Italië.

Fotogalery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel of in eardere ferzje dêrfan is (foar in part) in oersetting fan it artikel Wilhelmus van Berkel op de Italiaansktalige Wikipedia. Sjoch de bewurkingsskiednis dêre.