Wilhelm Müller (dichter)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wilhelm Müller.

Johann Ludwig Wilhelm Müller (Dessau, 7 oktober 1794 – Dessau, 1 oktober 1827), wie in Dútske, romantysk dichter. Hy waard fral ferneamd fan syn faak sosjaal-krityske lieten en fan syn dichtwurk dat fan Franz Schubert toanset waard.

Fanwege syn belutsenens by de ûnôfhinklikens fan it Grykske folk, dat doe noch by Turkije hearde, krige er de bynamme de Griechen Müller, hoewol't er nea yn dat lân west hat. Dy belutsenens kaam fan it wurk fan Lord Byron, dat him bot beynfloede.

Wilhelm Müller waard al by libben (en no noch wol) ta de middenmoat fan de dichters rekkene. Letter waarden neffens guonts soksoarte ferhalen troch sensors oer de streek brocht om skriuwers dy't faaks al te populêr drigen te wurden de mûle te teamjen. Müller wie yn master yn it tusken de rigels troch úterjen fan krityk. De syklus Die Winterreise (fan Franz Schubert op muzyk set as Winterreise kin beskôge wurde as it sykjen fan de iensume minske nei himsels, mar ek as in beskriuwing fan de troch de restauraasje "beferzen" mienskip.

Müller syn syklus Die schöne Müllerin waard ek fan Schubert toanset.

Neiteam[bewurkje seksje | edit source]

Müller's soan, Friedrich Max Müller, wie in Ingelsk oriïntalist dy't de ferlykje stúdzje fan religys stichte. Syn pakesizzer Wilhelm Max Müller wie in Amerikaansk oriïntalist.

Wurken[bewurkje seksje | edit source]

Earste útjefte fan it sammele wurk fan Wilhelm Müller
  • Sieben und siebzig Gedichte aus den hinterlassenen Papieren eines reisenden Waldhornisten, Erstes Bändchen, 1821
  • Sieben und siebzig Gedichte aus den hinterlassenen Papieren eines reisenden Waldhornisten, Zweites Bändchen, 1824 – mei û.o. de syklus Die Winterreise
  • Lyrische Reisen und epigrammatische Spaziergänge, 1827 – mei û.o. de syklus Muscheln von der Insel Rügen mei it gedicht „Vineta“, dat Johannes Brahms 1860 as ien fan Drei Gesängen für sechstimmigen Chor a cappella toanset hat (op. 42 Nr. 2)

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Andreas Dorschel, 'Wilhelm Müllers Die Winterreise und die Erlösungsversprechen der Romantik', yn: The German Quarterly LXVI/4 (1993), 467-476.
  • Hake, Bruno: Wilhelm Müller: Sein Leben und Dichten. (Berlyn: Mayer & Müller, 1908)