Wigle fan Aytta

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Viglius

Wigle fan Aytta fan Swichum, út it Frysk latinisearre ta Viglius ab Aytta Zuichemus (Barrahûs, 19 oktober 1507Brussel, 8 maaie 1577) wie in foaroansteand Nederlânsk steatsman, dy't benammen as rjochtsgelearde grutte namme makke hat. Hy wie in treflik legist en benammen in fûleindich ferdiger fan it katolisisme, mar ek Humanist yn de styl fan Erasmus, dy't er persoanlik koe.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Viglius makke opgong op grûn fan syn bekwaamheden, net op grûn fan komôf en berte. As Fryske boeresoan, studearre hy Letteren en Rjochten yn Leuven, Dole, Avignon en Valence. Ek nei syn stúdzjes hâlde hy ta yn de universitêre fermiddens fan Frankryk, de Dútske lannen, Switserlân en Itaalje, wêr't hy wittenskiplike relaasjes hie mei ferskate gelearden. Hy waard dosint yn de rjochten yn Padua, en tusken 1535 en 1541 wie hy efterinoar lid fan it Reichskammergericht yn Speyer en heechlearaar (rjochten) te Ingolstadt.

Yn 1541 waard hy troch Karel V beneamd as lid en yn 1549 sels ta foarsitter fan de Geheime Ried yn Brussel. Boppedat waard hy yn 1543 ek lid fan de Grutte Ried fan Mechelen en yn 1554 foarsitter fan de Ried fan Steate. As ien fan de meast foaroansteande juristen fan it destiidske Jeropa wie hy it brein fan it Habsburchske regearingsapparaat yn Brussel. Nei de dea fan syn frou krige Viglius de ambysje om ta proast fan it Gintske Sint-Baafskapittel beneamd te wurden, en om dy reden liet hy him troch kardinaal Granvelle yn 1562 ta pryster wije.

Viglius wie in trou tsjinner fan kening Filips II, wat net weinimt dat hy ek krityk hie op de polityk fan de kening en benammen op dy syn religjeuze ûnferdraachsumens, mar kruskearre hat er de kening nea. By de ôfkundiging fan de "Matiging" troch Margaretha fan Parma betoande Viglius him in foarstanner fan de foarstelde maatregels. Mei Alva koe hy lykwols minder goed opsjitte: wol hie hy in grut oandiel yn dy syn Criminele Ordonnantie, mar ûnder mear troch syn pleidoai foar ôfhâldendheid yn de ketterferfolging, syn relaasjes mei "fertochte" humanisten en syn fûleindich ferset tsjin de "Tsiende Pinning" helle hy him Alva's hate op'e hals. Yn 1569 gie hy ôf as foarsitter fan de Geheime Ried, mar bleau foarsitter fan de Ried fan State.

Yn 1569 stifte hy te Leuven it Vigliuskolleezje.

As einferantwurdlike foar de tapassing fan de keizerlike ketterijplakkaten pleite Viglius foar in reedlike útfieringspraktyk. Hy ferwachte mear fan oertsjûging mei reedlike (en neffens him superieure) arguminten as fan it brûken fan de rûge bile. Viglius hold him oan Erasmus' advys, dy't him ea persoanlik oanrikkemandearre hie it foarbyld fan in stjerrende te folgjen, dy't op de fraach fan de duvel wat hy leaude, sein hie: „Wat de tsjerke leaut.” En op de fraach wat de tsjerke leaude, sei: „Wat ik leau.”

Wurken[bewurkje seksje | edit source]

As rjochtsgelearde is Viglius benammen bekend troch syn Institutiones juris civilis in graecam linguam per Theophilum traductae (útjouwerij Basel, 1533), d.i. de earste útjefte fan de Grykske parafraze fan Justinianus' Institutiones, it ynliedende learboek rjochten út de tiid fan de Kodeks Iustinianus.
In wichtige kolleksje geskriften fan Viglius wurdt bewarre yn de universiteitsbibleteek fan Göttingen.

Oare wurken fan Viglius[bewurkje seksje | edit source]

  • Commentaria in decem titulos Institutionum juris civilis (útjouwerij Basel, 1534)
  • Epistolae politicae et historicae ad Joach. Hopperum (útjouwerij Ljouwert, 1661)
  • Mémoires de Viglius et d'Hopper sur le commencement des troubles des Pays-Bas (útjouwerij troch A. Wauters, 1858)
  • Vita Viglii ab ipso scripta (De Haach, 1743)