Whiskey in the Jar

Ut Wikipedy
Whiskey in the Jar
algemiene ynformaasje
sjenre Iersk folksferske
útbrocht Santjinde iuw

Whiskey in the Jar ûntstien yn de santjinde iuw, is in Iersk folksliet dat him ôfspilet yn de súdlike bergen fan Ierlân, faak mei in spesifike fermelding fan de provinsjes Cork en Kerry. It liet giet oer in strûkrôver dy 't, neidat er in militêr of official fan de oerheid oerfallen hat, wurdt ferret troch in frou, is ien fan de meast útfierde tradisjonele Ierske ferskes en is sûnt de jierren fyftich troch withoefolle artysten opnommen.

Ferzje fan The Dubliners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Whiskey in the Jar
algemiene ynformaasje
artyst The Dubliners
album More of the Hard Stuff
taal Ingelsk
sjenre Folk
útbrocht 1968
opnommen 1968
doer 6:02
label Major Minor
produsint Tommy Scott
resultaten
hitlisten flagge fan Ierlân - 4,
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân - 63
sertifisearre Grut-Brittanje Sulver

Yn 1967 brochten The Dubliners it album More of the Hard Stuff út mei allegear Ierske tradisjonals it fjirde nûmer op it album is Whiskey in the Jar. It waard yn 1968 útbrocht as single.

Muzikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ronnie Drew - Sang & Gitaar
  • Luke Kelly - Sang & Banjo
  • Barney McKenna - Banjo & Mandoline
  • Ciaran Bourke - Sang, Tin-whistle, Harmoanika en Gitaar
  • John Sheahan - Fioele, Tin-whistle en Mandoline

Ferzje fan Thin Lizzy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Whiskey in the Jar
algemiene ynformaasje
B-kant Black Boys on the Corner
artyst Thin Lizzy
taal Ingelsk
sjenre Hardrock
útbrocht 3 novimber 1972
doer 5:47
label Decca
produsint Nick Tauber
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 20,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 27

Yn 1972 brocht it platelabel fan Thin Lizzy in hardrock ferzje fan Whiskey in the Jar De band wie der net al te wiis mei dat krekt dit nûmer as single útbrocht waard want it soe de muzyk fan de band net represintearje. Mar de Single behelle yn Ierlân de nûmer 1 posysje. Yn Nederlân kaam it oant nûmer 20 yn de top 40. It duorre noch oant 1976 foar't Thin Lizzy Wiskey in the Jar op in album sette.

Muzikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Philip Lynott – Sang, Bas & Gitaar
  • Eric Bell – Gitaar
  • Brian Downey – Drums

Ferzje fan Metallica[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Whiskey in the Jar
algemiene ynformaasje
artyst Metallica
album Garage Inc
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 1 febrewaris 1999
opnommen septimber–oktober 1998
doer 5:05
label Vertigo
produsint Bob Rock,
James Hetfield,
Lars Ulrich,
Mark Whitaker
fideoclip
Metallica: Whiskey in the Jar (Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Mega top 100 - 47,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 48
prizen Grammy, 2000
sertifisearre   Denemark goud,
  Noarwegen goud,
Sweden goud,
Grut-Brittanje silver

Yn 1999 brocht Metallica it album Garage Inc út mei allegear covers it njoggende nûmer op it album is Whiskey in the Jar. It is it einichste nûmer dat gjin cover is, al is it al ynspirearre op de hardrock ferzje fan Thin Lizzy. It waard op 1 febrewaris 1999 útbrocht as single. Yn Nederlân behelle de single in 49ste plak yn de Mega top 100.

Muzikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]