Wartsjerke Sint-Arbogast

Ut Wikipedy
Wartsjerke Sint-Arbogas

Wehrkirche St. Arbogast

bouwurk
lokaasje
lân Switserlân
kanton Basel-Landschaft
plak Muttenz
adres Kirchplatz 1, 4132 Muttenz
bysûnderheden
boujier 14e-15e iuw
boustyl Gotyk
offisjele webside
Side grifformearde gemeente

De Sint-Arbogasttsjerke is de tsjerke fan de grifformearde gemeente yn Muttenz yn it kanton Basel-Landschaft, Switserlân. De tsjerke is in saneamde wartsjerke en is de iennige tsjerke yn Switserlân mei in ringfoarmige ferdigeningsmuorre.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan de tsjerke giet fier werom. Al yn de 5e iuw hiene de Alemannen op de fûneminten fan in leechsteand romeinsk bouwurk in houten tsjerke stifte. Yn de 8e of 9e iuw waard in steviger gebou delset, dat om 1100 hinne wer ferfongen waard. Doe't it doarp Muttenz yn it besit fan it bisdom Straasbruch kaam te lizzen, waard de tsjerke ferneamd nei in hillige biskop út Straasburch, Sint-Arbogast. Yn de midden fan de 12e iuw waard de tsjerke ferfongen troch in nea foltôge romaanske nijbou.

Yn it jier 1356 op 18 oktober, op de feestdei fan Sint-Lukas, waarden Basel en de omkriten troffen troch in rige fan ierdskoddings, dy't ek de tsjerke foar in part ferneatigen wêrby't de noardlike muorre, it ferwulft en de toer grutte skea oprûnen. Fanôf 1359 liet lienhear Konrad Münch-Löwenberg de tsjerke wer opbouwe. Op ferskillende plakken yn de tsjerke is it wapen fan him te sjen, dat bestiet út in muonts en liuw. Ta beskerming fan de doarpsbefolking krige de tsjerke om 1420 hinne in warfunksje: de toer waard ferhege, de tsjerke útboud ta skûlplak yn benaude tiden en om de tsjerke hinne in ringmuorre oanlein mei kantelen.

Bientsjekou

Yn 1504 folge de ferheging fan it skip fan de tsjerke. De tsjerke krige yn 1630 gruttere finsters en in galerij. De toer waard nochris mei in ferdjipping ferhege en krige doe de opfallende spits.

Yn de midden fan de 19e iuw naam de befolking fan Muttenz it beslút om de ferdigeningsmuorren ôf te brekken, mar de ynset fan in pear boargers, benammen de keunsthistoarikus Johann Rudolf Rahn, koe mei súskes foarkomme dat it foarnimmen ea útfierd waard.

Kompleks[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wartsjerke bestiet út de tsjerke en it tsjerkhôf, dy't fan in sân meter hege ringmuorre mei kantelen omklamme wurde. De muorre wurdt oan de noardlike en súdlike kant troch de beide poarten ûnderbrutsen. Njonken de tsjerke leit binnen de muorre ek noch in út it jier 1513 datearjende bientsjekou.

Oan de bûtenkant fan de muorre leit njonken de noardlike toer in wachtersgebou en njonken de súdlike toer in kostershûs út 1553.

Oargel

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De frijsteande tsjerke hat in eastlike oriïntaasje mei in oan de noardlike kant fan it koer oanboude toer. It skip hat in letgoatysk houten balkenplafond út 1504. It oargel is in ynstrumint fan Neidhart & Löthe, dy't op in yn 1973 fernijde galerij stiet. It romaanske koer is mei trije trêden ferhege en hat in krúsribferwulft. Op de slútstien stiet it wapen fan Münch-Löwenberg út 1359. Dêr stiet ek it doopfont fan 1618 en de preekstoel út de 18e iuw. Oan de noardlike muorre fan de alterromte, dat in ribferwulft út de 14e iuw hat, is in letgoatysk sakramintshúske. It stiennen alter is fan 1805.

Fresko's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fresko's fan de tsjerke geane werom oant 1450 en binne by in renovaasje yn 1880 wer ûntdutsen. De measte fresko's datearje lykwols út 1507 en stelle foarstellings foar út de leginde fan Arbogast en Nikolaas, út it libben fan Kristus, Marije en de apostels. In soad fresko's wiene yn sa'n minne steat dat se net mear restaurearre wurde koene.

Oan de bûtenmuorre fan it bientsjekou binne fresko's fan Sint-Kristoffel (lofts) en in Mantelmadonna (rjochts) oanbrocht. Boppe de doar wurdt Sint-Michael en it jiertal 1513 ôfbylde. Yn de kapel is in fresko fan it Jongste Gerjocht en in fresko fan de Leginde fan de Tankbere Deaden, alletwa út 1513. De leginde giet oer in ridder dy't in soad bidde foar de sielen fan de deaden en dy't op in dei oerfallen waard troch rôvers. Op dat stuit kamen de deaden om him by te stean en jagen de rôvers fuort.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Wehrkirche St. Arbogast