Virneburg

Ut Wikipedy
Virneburg
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Rynlân-Palts
Landkreis Mayen-Koblenz
Sifers
Ynwennertal 380 (31-12-2019)
Oerflak 5,4 km²
Befolkingstichtens 70 /km²
Hichte 420 m. boppe seenivo
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside virneburg-eifel.de

Virneburg is in Ortsgemeinde fan de ferbânsgemeente Vordereifel yn it distrikt (Landkreis) Mayen-Koblenz yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Virneburg is in plak yn de Fulkaaneifel. Gruttere plakken yn de omkriten binne Mayen yn it easten en Adenau yn it westen. It plak leit yn in delte en wurdt omfieme troch fjouwer bergen. Yn it midden leit in fyfte berch, dêr't it kastiel fan Virneburg op stiet, dat tsjintwurdich in ruïne is.

Troch Virneburg streamt de Nitzbach, dy't by it Slot Bürresheim yn de Nette mûnet. It plak leit yn in gebiet mei wâld, greide en boulân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan it plak Virneburg is nau mei de skiednis fan de boarch ferbûn. Hjoeddedei foarmet de ruïne fan de boarch it symboal fan it plak. De boarch waard nei alle gedachten yn de twadde helte fan de 12e iuw boud en skriftlike boarnen geane werom op it jier 1192. Oan de foet fan de berch dêr't it kastiel op stie ûnstie letter in delsetting.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]