Mayen

Ut Wikipedy
Mayen
Genovevaboarch
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Rynlân-Palts
Lânkring Mayen-Koblenz
Sifers
Ynwennertal 19.284 (31.12.2020)
Oerflak 58,19 km²
Befolkingstichtens 331 / km²
Hichte 230 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.mayen.de

Mayen is in stêd yn it Dútske bûnslân Rynlân-Palts. De stêd leit yn de Fulkaaneifel; mei likernôch 20.000 ynwenners is Mayen nei Bad Neuenahr-Ahrweiler de op ien nei grutste stêd yn de Rynlân-Paltske Eifel. Alhoewol't Mayen der gjin diel fan útmakket is Mayen ek de sit fan de ferbânsgemeente Vordereifel.

De stêd waard yn de Twadde Wrâldkriich swier troffen troch de loftoanfallen fan 12 desimber 1944 en 2 jannewaris 1945. Likernôch 90% fan de stêd waard ferneatige en 395 ynwenners ferlearen harren libben. Fuort nei it ein fan de kriich setten de ynwenners fan Mayen útein mei de weropbou fan de stêd. De weropbou folge it histoaryske strjittepatroan en safolle mooglik âlde gebouwen waarden by de weropbou sparre of rekonstruearre.

Yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de kearnstêd Mayen binne der noch fjouwer stedsdielen en in tal buorskippen. De stedsdielen binne:

  • Alzheim
  • Hausen
  • Kürrenberg
  • Nitztal

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Genovaboarch waard yn it lêste fearn fan de 13e iuw boud troch aartsbiskop Hindrik fan Trier en letter noch faak ferboud. Yn de boarch is it Eifelmuseum ûnderbrocht.
  • De parochytsjerke Sint-Klemens is in goatyske halletsjerke. Opfallend is de draaide spits fan de súdlike toer.
  • De Sint-Vitustsjerke is in modern tsjerkegebou út de jierren 1950. Troch in gong is de tsjerke ferbûn mei de barokke Vituskapel.
  • De Hillich-Herttsjerke is in neoromaanske tsjerke út it begjin fan 1911-1912.
  • Fan de eardere midsiuwske muorren binne twa poarten oerbleaun: de Ober- en Brückentor. Ek binne noch twa ferdigeningstuorren bewarre bleaun.

Yn de omkriten:

Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Eifelmuseum
  • Deutsches Schieferbergwerk