Västerås
Ut Wikipedy
| Västerås | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 110.877↑ (20010) | |
| Oerflak | 52,94 km² | |
| Befolkingstichtens | 2094 / km² | |
| Polityk | ||
| Lân | Sweden | |
| Provinsje | Västmanlands län | |
| Gemeente | Västerås | |
| Oar | ||
| Tiidsône | CET (UTC+1) | |
| *Simmertiid | CEST (UTC+2) | |
| Webside | www.vasteras.se | |
Västerås (sprek út as: wester-oos) is in stêd yn it lânskip Västmanland yn Midden-Sweden. It is it haadplak fan de gemeente Västerås en de haadstêd fan de provinsje Västmanlands län. De stêd hie 107.005 ynwenners yn 2005 en in oerflak fan 5173 hektare. It plak leit oan de Mälarmar, krekt as Stokholm, dat sa'n 100 kilometer be-easten Västerås leit.
Västerås hat in katedraal út de 13e ieu.
Västerås is grut wurden troch twa ynternasjonale yndustrieën, ASEA (no ABB), dat Sweden as spesjalist op it mêd fan swiere elektrotechnyk op de kaart set hat, en in grut metaalbedriuw. Yn 1990 fierde Västerås har tûzenjierrich bestean.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Västerås wurdt ek wol "de komkommerstêd" (gurkstaden) neamd.
- Jazzens Museum is it earst jazzmuseum fan Europa.
- Yn Västerås begjint de Bruksleden, in 250 km lange kuierrûte tusken Västerås en Avesta.
[bewurkje seksje] Berne yn Västerås
- Lars Gustafsson, skriuwer
- Mai Zetterling (1925-1994), aktrise en filmregisseur
- Stefan Pettersson (1963), fuotballer
-
Anundshög, in gebiet mei tumulussen, 7km bûten de stêd
-
De wolkekliuwer fan Västerås
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Buildings in Västerås fan Wikimedia Commons. |