Mälarmar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Plak fan de mar yn Sweden
De Mälarmar

De Mälarmar (Sweedsk: Mälaren) is de op twa nei grutste mar yn Sweden.

De mar hat in oerflak fan 1140 km², in trochsneed djipte fan 10 m en in grutste djipte fan 64 m. en fan east nei west in langte fan 120 km. De mar wetteret oer Stockholm yn de Eastsee ôf. De Mälarmar wie oant de 10e ieu in ynholte fan dy see, mar troch it omheechkommen fan it lân yn de Eastseekrite sûnt de ein fan de lêste iistiid, sa'n 11.000 jier lyn, waard de mar skieden fan de see.

Birka op it eilân Björkö en Hovgården op Adelsö, beide delsettingen út de Wytsingetiid, binne yn 1993 op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO set.

It grutste eilân yn de mar is Selaön mei 91 km²; it is it grutste eilân yn in Sweedske mar. Oare eilannen binne Ekerö en Helgö.

De grutste stêden om de mar hinne binne Stockholm, Västerås en Eskilstuna.