Sweedske lânskippen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sverigekarta-Landskap Text.svg

It Sweedske lânskippen (Sweedsk: landskap) binne in histoaryske yndieling fan Sweden dy't lykwols gjin bestjoerlike funksje mear hat, mar noch wol wichtig is op it mêd fan kultuer en folkloare, streektaal, toerisme, geografy ensafuorthinne. Yn neislachwurken neame yn de regel sawol de provinsje dêr't in plak ta heart as it lânskip dêr't it plak yn leit.

De Sweedse lânskippen moatte net troch elkoar helle wurde mei de Sweedske provinsjes (Sweedsk: län), dy't in modernere, suver bestjoerlike yndieling foarmje. De nammen fan dy provinsjes einigje altyd (útsein it lânskip Bohuslän) op län (losskreaun en sûnder haadletter), ek yn it deistich taalgebrûk. De measte provinsjes binne nei lânskippen ferneamd. Sa is de provinsje Skåne län nei it lânskip Skåne neamd, mar de provinsje dêr't it lânskip Närke it súdlik part fan foarmet, hjit Örebro län, nei de stêd Örebro.

De bestjoerlike funksje fan de lânskippen is hielendal oernaam troch de provinsjes. Sy hawwe gjin offisjele haadstêd en gjin bestjoersorgaan. Jongere leden fan it keningshûs krije tradysjoneel de titel hartoch fan ien as mear lânskippen, sa as kroanprinsesse Viktoria, dy't hartoginne fan Västergötland is. De lânskippen hawwe dêrnjonken symboalen fan kulturele, skiedkundige as folkloarystyske aard. Dat kin in flagge (soms), in typyske lânskipsblom, klaaiïng of sokssawat wêze.

De lânskippen bliuwe lykwols fan belang foar de regionale idintiteit fan de Sweden. At Sweden fertelle it plak dÊr't sy wei komme of oer har dialekt prate, dan neame sy net de provinsje, mar it lânskip. It heart ta de parate kennis fan de Sweden dat sy witte yn hokker lânskip in plak leit, fan de provinsje hawwe sy faak gjin aan.

De lânskippen[bewurkje seksje | edit source]