Untsliepenistsjerke (Sint-Petersburch)
Untsliepenistsjerke | ||
De tsjerke oan 'e Neva. | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Sint-Petersburch | |
koördinaten | 59° 56' N 30° 16' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Vasily Kosjakov | |
boujier | 1895-1897 | |
boustyl | Russysk-byzantynske styl | |
monumintnûmer | 7810164008 | |
Webside | ||
Side fan it kleaster | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan 'e Untsliepenis fan de Mem Gods (Russysk: Храм Успения Пресвятой Богородицы; Tsjerke fan 'e Himelfeart fan 'e Mem Gods) is in monumintale russysk-otterdokse tsjerke yn 'e Russyske stêd Sint-Petersburch. De tsjerke wie oarspronklik in metochion fan it Kiëv-Petsjersk Lavra mar yn maart 1932 waarden alle muontsen troch de bolsjewiken arresteare, beskuldige fan kontra-revolusjonêre aktiviteiten en nei de Gûlag stjoerd. Sûnt juny 1991 waard de tsjerke werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke en funksjonearret de tsjerke as in metochion fan it Optina-kleaster.[1]
Bou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it plak fan 'e tsjerke hawwe sûnt de 18e iuw ferskillende kleastertsjerken stien. Dy kleasters foelen ûnder gruttere kleasters. Ynearsten wie dat it Trije-ienheid-Sergius Lavra, mar letter, yn 1766, waard it kleaster oerdroegen oan it Hollekleaster fan Pskov. It wiene lykwols de muontsen fan it Hollekleaster fan Kiëv, dy't yn 1874 de opdracht joegen it hjoeddeiske kompleks te bouwen.
Arsjitekt fan 'e tusken 1895 en 1900 boude tsjerke wie Vasili Kosjakov, dy't ek tekene foar de bou fan de Marinekatedraal en in grut tal oare tsjerken yn Sint-Petersburch en omkriten. De earste stien foar de oan 'e Neva boude tsjerke fûn plak op 15 augustus 1895. Om te avensearjen mei it bouproses waarden de grutte bôgen fan de tsjerke útfierd yn beton, ynstee fan 'e wenstige bakstien. Yn septimber 1896 waard der yn it bouprojekt in tydlike tsjerke oprjochte, dêr't kontinu tsjinsten fierd waarden. In jier letter koene de krusen op 'e koepels set wurde, wylst de lêste wurksumheden oan it eksterieur yn 1898 plakfûnen. Oant 1903 wiene Moskouse keunstners noch dwaande mei it beskilderjen fan 'e fresko's yn 'e tsjerke. De Marije-Himelfearttsjerke is de earste tsjerke fan Sint-Petersburch, wêrfan't de koepels mei aluminiumplaten beklaaid waarden.
De tsjerke yn de Sovjet-tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1922, it jier dat de bolsjewiken alle weardefolle saken fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke opeasken, waarden ek de kostbere foarwurpen út de Himelfearttsjerke helle. It earste besykjen fan 'e kommunistyske oerheid om 'e tsjerke te sluten datearret fan 1932. Doe woe de oerheid de tsjerke oerdrage oan in fabryk, mar dy hie gjin belangstelling foar it gebou. De oerheid naam dêrop it beslút om de tsjerke mar ôf te brekken, mar de parochianen fersetten harren fûl tsjin dat beslút. Dat hie fan gefolgen dat de lêste muontsjen fan it kleaster oppakt waarden en der in ein oan 'e kleastermienskip kaam. Op 25 augustus 1934 waard de tsjerke yn opdracht fan it Regionaal Utfierende Komitee fan Leningrad offisjeel sletten, alhoewol't de tsjinsten noch oant begjin 1935 trochgiene. Dêrnei waard it gebou oerdroegen oan 'e autoriteiten fan 'e Militêre Haven fan Leningrad. Fan 1936 ôf waard de tsjerke brûkt as sporthal.
Under de blokkade fan Leningrad yn 'e Twadde Wrâldkriich wie ûnder de grien farve koepel in observaasjepost fan 'e Russyske loftferdigening ûnderbrocht. De marine brûkte de tsjerke foar de opslach en ûnder de tsjerke wie in skûlkelder ynrjochte tsjin de bombardeminten.
Yn 1956 waard der útein set om de tsjerke geskikt te meitsjen foar de alderearste keunstiisbaan fan Leningrad. Foar dat doel waard it hiele oarspronklike ynterieur fernield. De iepening fan 'e hal mei in iisflier fan 289 m² fûn plak yn 1961. Ferneamde keunstriders as Oleg Protopopov en Ljûdmila Belooesova trainden op 'e iisflier fan 'e eardere tsjerke. Nei de foltôging fan de bou fan it sportpaleis "Jûbilejni" in 1967, waard de keunstiisbaan yn 'e eardere tsjerke brûkt foar it trainen fan bern. It gebou hie lykswols slim te lijen fan 'e bestimming as keunsiisbaan; de muorren waarden slim oantaast troch skimmel en degradearren.
Weromjefte fan de tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn juny 1991 waard de tsjerke werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. Noch yn itselde jier waard in tydlike ikonostaze ynstallearre en de tsjerke op 'e nij foar de earetsjinst yn gebrûk nommen. Nei fiif jier ûndersyk oer de technyske steat fan it gebou koe útein set wurde mei in grutte restauraasje. De binnenmuorren, dy't mei it feroarjen fan 'e bestimming wiene boud, moasten wer útbrutsen wurde. Op 16 jannewaris 1998 waard it mear as 7 meter hege krús wer op de koepel set; de ikonostaze wie yn 2003 wer rekonstruearre en yn 2013 wie it safier dat de tsjerke wer folslein restaurearre wie.
Op 15 septimber 2013 waard de tsjerke ynwijd mei it ritueel fan de Grutte Ynwijing troch patriarch Kirill fan Moskou en hiel Ruslân.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russyske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Успенская церковь на Васильевском острове
|