Umeå

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Umeå
Stêd fan bjirken
It âld stedhûs
It âld stedhûs
Sifers
Ynwennertal 79.594↑ (2010)
Oerflak 34,15 km²
Befolkingstichtens 2.331 / km²
Polityk
Lân Sweden
Provinsje Västerbottens län
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
*Simmertiid (UTC+2)
Webside www.umea.se (in)
Wapen fan Umeå

Umeå is de haadstêd fan de gemeente Umeå y it lânskip Västerbotten en de provinsje Västerbottens län yn Sweden. It is ek de grutste stêd fan de Sweedske regio Norrland. De stêd hie 75.645 ynwenners yn 2005.

Umeå is al tsientallen jierren ien fan de fluchst groeiende stêden fan Sweden. Dy groei begûn fral nei 1965, doe't de universiteit yn de stêd stifte waard, ek no noch giet de groei troch. Der wurde sa'n 700 à 800 nije apparteminten it jier byboud[1].

De stêd stiet bekend as de 'bjirkenstêd', omdat der in protte leanen mei bjirkebeammen binne. De rivier Ume älv mûnet tichtby Umeå út yn de Botnyske Golf. Umeå leit oan de Europeeske wei 4, de Europeeske wei 12 en it spoar.

Kultuer[bewurkje seksje | edit source]

Umeå wurdt beskôge as de meast belangrike kulturele stêd fan Noard-Sweden. De opera fan Noard Sweden, de NorrlandsOperan, komt út de stêd. Eltse oktober of begjin november wurdt it Umeå Jazz Festival holden, ien fan de grutste festivals foar yn moderne jazz yn Skandinaavje. Inkele muzykbands út Umea binne de hardcore punkband Refused en de metalbands Meshuggah en Cult of Luna. Teffens hat de stêd ferskate museums, sa as it Sweedsk skimuseum, it provinsjemuseum fan Västerbottens län, it stedsmuseum fan Umeå en it bildmuseet dêr't ûnder mear moderne keunst te sjen is. Umeå stribbet der nei om yn 2014 kulturele haadstêd fan Europa te wurden[2].

Umedalens skulptuerpark is in byldenpark mei in kolleksje fan 33 skulpturen yn Umeå.

Berne yn Umeå[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Mear ynfo oer Umeå - Umeå kommun
  2. Umeå 2014 - Umeå Capital of Culture 2014