Typmasine

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Underwood typmasine

In typmasine is in masine dêr't mei skreaun wurde kin. Yn hast alle gefallen wurdt dat dien troch drukkaaien, wêrby eltse kaai in oar teken op in stik papier set dat yn de masine sit. By meganyske typmasines wurdt de letter wier op it papier drukt troch de krêft fan it deldrukken fan de kaai. Letter waarden elektryske typmasines útfûn, dêr't de masine sels de oanslach regele.

It wurd 'typemasine' komt fan it Ingelske wurd type, drukletters. Letterlik is in typmasine dus in masine om drukletters te skriuwen, yn stee fan skriuwletters. Foar de ynfier fan de typmasine waarden alle dokuminten mei de hân skreaun. Mei de opkomst fan de kompjûter had dy hast alle funksjes fan de typmasine oernaam. Dêrby is it krekt de âldere meganyske typmasine dy't noch wol brûkt wurdt, op plakken dêr't gjin stroom is.