Springe nei ynhâld

Teätertsjerke Mammemahuis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tsjerke fan Jellum)
Teätertsjerke Mammemahuis
De tsjerke yn 2022
De tsjerke yn 2022
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Jellum
adres Hegedyk
koördinaten 53° 09' N 5° 44' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
status Yn 2017 sletten
hjoeddeiske funksje teäter
Arsjitektuer
boujier 1895
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8492 [1]
(tsjerkhôf, brêge nei it tsjerkhôf)
Webside
Stifting Mammemahuis
Kaart
Teätertsjerke Mammemahuis (Fryslân)
Teätertsjerke Mammemahuis

De Teätertsjerke Mammemahuis yn Jellum is de eardere protestantske tsjerke út it ein fan de 19e iuw. De tsjerke stiet oan de âlde Middelseedyk. It tsjerkhôf en de stiennen brêge nei it tsjerkhôf foarmje in ryksmonumint.

Tsjerklik foarmet Jellum sûnt 1971 ien gemeente mei de doarpen Bears, Jorwert en Weidum.

De tsjerke fan Jellum waard boud nei't de foargonger troch brân as gefolch fan bliksemynslach ferneatige waard. Dy foargonger datearre út 1700 en wie boud op de fûneminten fan de âlde tsjerke. De toer, yn 1832 al troch de bliksem rekke, wie folle âlder en de heechste fan Baarderadiel. It tsjerkemeubilêr en it oargel datearre foar in grut part út in noch âldere tsjerke fan foar de reformaasje. Oarspronklik hie de foargonger njoggen mei wapens fersierde brânskildere ramen. Yn de toer hong in klok út 1526.[2]

Nei de brân krige Jellum tusken 1893 en 1895 in tsjerke mei in foar dy tiid typyske arsjitektuer. De sealtsjerke hat in fiifsidich koer en in toer fan 21 meter heech.

De tsjerke sels is gjin ryksmonumint en waard dêrom yn de Stifting Behâld Tsjerke en Toer Jellum underbrocht. Yn de jierren 1990 waard de tsjerke restaurearre.

Oargel

Yn 2020 krigen twa doarpsbewenners tastimming om de flier fan de tsjerke iepen te brekken. Dêrby waard in 400 jier âlde grêfkelder ûntdutsen mei de oerbliuwsels fan de bewenners fan Mammemastate.

Sûnt in skoft brûkte de PKN-gemeente Westerwert de tsjerke net mear foar tsjerketsjinsten. Der wie ynteresse foar de tsjerke om it gebou in nije funksje te jaan as teäter, mar dêr moasten de Jellumers earst noch bot oan wenne. Lang om let is de PKN akkoard gien mei it ferhieren fan de tsjerke oan de Stifting Mammemastate yn gearwurking mei in lokale horekaûndernimmer. De teätertsjerke is nei in ferbouwing yn 2022 iepene. [3][4] Om de tëatertsjerke fan Jellum ek foar toeristen oantrekliker te meitjen binne de bonkerakken fan Sicke fan Dekema en syn frou foar it besichtigjen yn in kiste mei in glêzen plaat te pronk lein.[5]

Oant foar koart hie de tsjerke in foar de 19e iuw karakteristyk, geef ynterieur. By de ferbouwing foar de nije funksje yn 2021-2022 binne de tradisjonele banken ferfongen troch stuollen.

It oerwurk en de klok stamt út 1895.

It oarspronklik romaanske stiennen doopfont út de 13e iuw stiet tsjintwurdich yn it Jannumer tsjerkemuseum.

Ek it oargel fan Albertus fan Gruisen gyng mei de brân yn 1893 ferlern. Bakker & Timmenga boude foar de nije tsjerke in nij ynstrumint. Sûnt de bou yn 1895 is der nea wat feroare. Der is sels gjin elektryske wynmasjine oanwêzich.[6]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: