Tsjerkasy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tsjerkasy
Черкаси
Oblast Tsjerkasy yn Oekraïne
Oblast Tsjerkasy yn Oekraïne
Sifers
Ynwennertal 287.583 ↓(2011)
Oerflak 69 km²
Befolkingstichtens 4.170 / km²
Hichte 110 m
Polityk
Lân Oekraïne
Oblast Tsjerkasy
Rayon Tsjerkasy
Oar
Stifting 1286 (neamd)

1795 (stedsstatus)

Tiidsône EET (UTC+2)
*Simmertiid EEST (UTC+3)
Webside www.rada.cherkassy.ua/ua/
Wapen fan Tsjerkasy
Ortodokse St. Michael katedraal yn Tsjerkasy

Tsjerkasy (Oekraynsk: Черкаси, [tʂ͡erˈkasɪ]) is in stêd in it midden fan Oekraïne. It is de haadstêd fan de oblast Tsjerkasy mei deselde namme en teffens it bestjoerlik sintrum fan it rayon Tsjerkasy, dêr't de stêd sels gjin part fan is, omdat it in apart stedsrayon foarmet. Tsjerkasy hie yn 2001 295.414 ynwenners[1]

Yn de Twadde Wrâldkriich hat der yn 1943-1944 in swiere fjildslach tusken it Reade Leger en de Dútske Wehrmacht by Tsjerkasy west. De fan Russen ynsletten Dútsers koenen útbrekke en ûntkomme.

De stêd leit oan it opslachmar fan Krementsjoek, in part fan de rivier de Dnjepr, sa'n 200 km besuden de haadstêd fan de Oekraïene, Kiev.

It spoar fan Moskou nei Odessa rint troch Tsjerkasy, dêr't it de Dnjepr krúst mei in spoar- en autobrêge mei in lingte fan tolve kilometer.

Tsjerkasy is in universiteitsstêd mei in nasjonale en in technyske universiteit.

It is ek it haadplak fan in ortodoks bisdom.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

ynwennertal[bewurkje seksje | edit source]

  • 1897 - 29,600
  • 1910 - 39,600
  • 1926 - 39,500
  • 1939 - 51,600
  • 1959 - 85,000
  • 1970 - 158,000
  • 1977 - 229,000
  • 1984 - 267,000
  • 2005 - 293,000

befolkingsgroepen 1926[bewurkje seksje | edit source]

1959[bewurkje seksje | edit source]


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Census 12-05-2001