Tjeerd Pasma
| Tjeerd Pasma | ||
| Namme | Tjeerd Pasma | |
| Bertedatum | 24 juny 1904 | |
| Berteplak | Rinsumageast | |
| Stjerdatum | 28 desimber 1944 | |
| Stjerplak | Ede | |
| Sportive ynfo | ||
| Sport | Moderne Fiifkamp | |
| Olympyske Spullen | Amsterdam 1928 | |
Tjiepke "Tjeerd" Pasma (Rinsumageast, 25 juny 1904 – Ede, 28 desimber 1944) is in eardere Frysk moderne fiifkamper.
Pasma die yn 1928 mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Amsterdam.
Pasma wie Wachtmaster fan de earste klasse doe't er yn 1928 mei die oan de Olympyske Simmerspullen. Dat wie bysûnder omdat dielname yn dy tiid allinne foarbehâlden wie oan offisieren. Mar omdat Pasma in goed sporter wie yn de jierren '20, waard er twa kear Nederlânsk Kampioen Polstokheechspringen, mocht er dochs mei dwaan.
Tidens de Spullen waard er 35ste by it ûnderdiel sjitten, 13 by it swimmen, 34ste by it skermjen, 5de by it fjildrinnen en 24ste by it springen. Mei dy risseltaten einige er yn it klassemint op it 24ste plak.
Yn 1940 waard er earfol út it leger ûntslein. Fjouwer jier letter kaam Pasma as boarger om it libben yn Ede, troch in Dútske V1-bom dy't te betiid ta ûntploffing kaam.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |