Tjeerd Brouwer

Ut Wikipedy
Tjeerd Brouwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tjeerd Brouwer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 20e iuw
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Dirigint brassbands
muzykdosint

Tjeerd Brouwer wie in Fryske dirigint en muzykpedagooch. Hy wie yn de santiger en tachtiger jierren fan de 20-ste iuw ien fan de grutte oanjagers yn de Fryske brassbandwrâld.

Tjeerd Brouwer studearre oan it konservatoarium yn Ljouwert. Koart nei 't er ôfstudearre wie krige er in priis fan stêd Ljouwert. Hy waard dosint oan streekmuzykskoalle "De Wâldsang" yn Bûtenpost. Brouwer sammele de bêste koperblazers fan syn muzykskoalle om him hinne en rjochte de Brassband De Wâldsang Bûtenpost op dêr't er in soad suksessen mei behelle yn it binnen- en bûtenlân.

Hy wenne mei syn gesin yn Stynsgea, gemeente Achtkarspelen. Hy wie ek dirigint fan oare bands en korpsen, lykas de Fanfare "Joost Wiersma" Jistrum (fan 1980 oant 1985) en de Kristlike brassband "Looft den Heer" Bitgummole (1976).

Brouwer wie njonken Piebe Bakker ek dosint foar HaFaBra-direksje oan de Muzyk Pedagogyske Akademy yn Ljouwert. Ta syn learlingen hearre ûnder oare Klaas van der Woude en Bienze IJlstra.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: