Tjallewal

Ut Wikipedy
Tjallewal
Sicht op Tjallewal
Sicht op Tjallewal
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Skagen
Sifers
Ynwennertal ± 50
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 46' N, 4° 47' E
Kaart
Tjallewal (Noard-Hollân)
Tjallewal

Tjallewal is in buorskip yn de gemeente Skagen yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân yn de krite West-Fryslân. De buorskip leit súdlik fan de stêd Skagen, dêr't er ek formeel ûnder falt, en justjes noardlik fan de buorskip Tolke.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme is ôflaat fan it wurdt wal (wâl) en faaks de Fryske persoansnamme Tjalle. Yn de omkriten lizze de buorskippen Lutjewal (Lytsewâl) en Grotewal (Gruttewâl)[1].

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tjallewal ûnstiet nei alle gedachten oan 'e ein fan de 12e iuw doe't de omkriten fan Skagen teheistere waard troch it ûnderstrûpen fan it lân út it westen en suden wei. Der waard in wâl (dyk) oanlein om it ynstreamen fan it wetter op te kearen.

De diken dy't yn de 12e en 13e iuw oanlein waarden wiene doe net sa heech en wiene gaadlik om huzen op te bouwen. Dat waard yn de 13e iuw op grutte skaal tapast doe't de befolking fan Hollân en West-Fryslân tige by tige tanaam. Op dy diken ûntstiene befolkingskonsintraasjes dy't lang om let ta buorskippen útwoeksen en dy't ek sizzenskip yn it bestjoer fan de banne Skagen krigen.

Nei it ynpolderjen fan de Zijpe yn 1597 en de Skagerwaard en Wieringerwaard yn de 17e iuw waard it gebiet fan Skagen in yntinsyf brûkt greidegebiet. Tjallewal waard yn de 19e iuw ien fan de drokst bewenne plakken yn it lânbougebiet.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. G. van Berkel, K. Samplonius, Nederlandse plaatsnamen verklaard (2018).
  2. Plaatsengids:Tjallewal.
Gemeente Skagen
Stêd:
Skagen
Doarpen:
BurgerbrugCallantsoogDirkshornEenigenburgGroenveldKrabbendamOudesluisPetten't RijpjeSchagerbrugSchoorldam (foar in part) • Sint MaartenSint MaartensbrugSint MaartensvlotbrugSint MaartenszeeStroetTjallewalTuitjenhornValkkoogWaarlandWarmenhuizen't Zand
wizigje