Stroet

Ut Wikipedy
Stroet
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Skagen
Sifers
Ynwennertal 305 (1 jannewaris 2023) [1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 45' N, 4° 45' E
Offisjele webside
http://www.stroetisgoed.nl/
Kaart
Stroet (Noard-Hollân)
Stroet
Kaart
Himrik fan Stroet yn de eardere gemeente Harenkarspel

Stroet is in doarp yn de gemeente Skagen yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân yn de krite West-Fryslân. It doarp tusken de doarpen Dirkshorn en Sint Maarten en is in wier lintdoarp. It doarp wurket op mêd fan ferienings en foarsjennings in soad gear mei de tichteby lizzende doarpen Dirkshorn en Groenveld.

Stroet hat 305 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Stroet is ôflaat fan strōd itjinge "bewoeksen sompich lân" bestjut. Yn 1343 kaam de namme Stroeden foar it plak foar en yn 1665 Stroet.

Oant 1990 hearde Stroet by de gemeente Sint Maarten, dy't doe by de gemeente Harenkarspel kaam. Yn 2013 waard dy gemeente mei Skagen en Zijpe gearfoege ta de hjoeddeiske gemeente Skagen.

Mûne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ringpolder hearde ta de bannen Sint Maarten en Harenkarspel. It part fan Sint Maarten befette 615 hektare en it part fan harenkarspel wie 362 hektare. De polder waard bemealle troch twa poldermûnen: de westlike mûne yn Stroet, ûnder Sint Maarten en de eastlike mûne yn Dirkshorn, ûnder Harenkarspel. Nijsgjirrich is dat alletwa banen net harren eigen mûne yn ûnderhâld hiene, mar inoars mûnen. De mûne fan Stroet waard yn de iere 20e iuw ôfbrutsen.

Bedriuwigens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp is in benammen agraryske mienskip, mei in soad boulân.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Gemeente Skagen
Stêd:
Skagen
Doarpen:
BurgerbrugCallantsoogDirkshornEenigenburgGroenveldKrabbendamOudesluisPetten't RijpjeSchagerbrugSchoorldam (foar in part) • Sint MaartenSint MaartensbrugSint MaartensvlotbrugSint MaartenszeeStroetTjallewalTuitjenhornValkkoogWaarlandWarmenhuizen't Zand
wizigje