The Fox and the Hound
The Fox and the Hound (Frysk: De foks en de jachthûn, Nederlânske titel: Frank en Frey) is in Amerikaanske animaasjefilm út 1981 makke fan Walt Disney Productions, ûnder regy fan Ted Berman en Richard Rich. De film waard útbrocht op 10 july 1981. It is de 24e fan Disney syn klassike animaasjefilms en duorret ûngefear 83 minuten.
The Fox and the Hound ferhellet fan de freonskip tusken de foks Tod (Nederlânske namme Frey) en de jachthûn Copper (Nederlânske namme Frank). De film is basearre op Daniel P. Mannix syn boek The Fox and the Hound (boek). De film bringt wol in pear wizigings oan yn it ferhaal. It boek hat in realistysker ferhaal. In ferfolch op de film, The Fox and the Hound 2, waard útbrocht yn 2006.
Ynhâld |
Ferhaal
|
|
Copper is in hûntsje dy't troch syn baas ta jachthûn ûnderjochte wurdt en Tod is in fokske sûnder âlden, dy't troch widdo Tweed, in âld wiif, grutbrocht wurdt. De twa moetsje ekoar al mei jonge jierren en wurde freonen dy't net sûnder elkoar kinne. Sy hawwe lykwols gjin aan fan it feit dat hja natuerlike fijanne binne en dat hja letter tsjin elkoaroer komme te stean sille.
It noodlot slaat toe wanneer de twee volwassen worden. Copper, troch syn baas Amos Slade opgeleid tot jachthûn, moat tenei ek op foksen jeije. Op in jûn wurdt Tod troch Slade en syn hûnden opjage. By de jacht rekket Slade syn oare hûn, Chief, ferwûne at er troch in trein oanriden wurdt. Slade en Copper binne fan betinken dat Tod hier de schuld fan is. widdo Tweed beseft dat Tod niet langer veilig is en besluit hem terug te brengen nei de wildernis. Hier ontmoet hij Vixey, in oare foks.
Op it hichtepunt fan de film giet Slade mei Copper op jacht nei Tod. Sy wurde lykwols oanfallen troch in bear. Fanwege Tod kinne sy ûntkomme, waarna Copper en Tod hun ruzie bijleggen.
Rolferdieling
- Mickey Rooney is Tod
- Kurt Russell is Copper
- Sandy Duncan is Vixey
- Pearl Bailey is Big Mama
- Richard Bakalyan is Dinky
- Paul Winchell is Boomer
- Pat Buttram is Chief
- Jeanette Nolan is Widow Tweed
- Jack Albertson is Amos Slade
- Keith Coogan is de jonge Tod
- Corey Feldman is de jonge Copper
- John Fiedler is The Porcupine
- John McIntire is The Badger
Nûmers
- "The Best of Friends"
- "Lack of Education"
- "A Huntin' Man"
- "Goodbye May Seem Forever"
- "Appreciate the Lady"
Ynternasjonale premiêres
- Argentynje: 23 july 1981
- Brazylje: 18 septimber 1981
- Feriene Keninkryk: 22 oktober 1981
- West-Dútslân: 13 novimber 1981
- Frankryk: 25 novimber 1981
- Spanje: 27 novimber 1981
- Sweden: 5 desimber 1981
- Finlân: 11 desimber 1981
- Nederlân: 24 desimber 1981
- Hongkong: 14 jannewaris 1982
- Noarwegen: 22 april 1982
- Japan: 12 maart 1983
- Denemark: 30 july 1995
Prizen en nominaasjes
Yn 1982 waard The Fox and the Hound nominearre foar trije prizen, dêr't ien fan wûn waard:
- De Saturn Award foar bêste fantasyfilm
- De Golden Screen (wûn)
- De Young Artist Award foar Best Motion Picture - Fantasy or Comedy - Family Enjoyment