Springe nei ynhâld

The Fox and the Hound

Ut Wikipedy
The Fox and the Hound
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Ted Berman
Richard Rich
Art Stevens
produsint Ron Miller
Wolfgang Reitherman
Art Stevens
senario Larry Clemmons
Ted Berman
David Michener
Peter Young
Burny Mattinson
Steve Hulett
Earl Kress
Vance Gerry
basearre op The Fox and the Hound
fan Daniel P. Mannix
muzyk Buddy Baker
filmstudio Walt Disney Productions
distribúsje Buena Vista Distribution
spilers
haadrollen Mickey Rooney
Kurt Russell
byrollen Pearl Bailey
Jack Albertson
Jeanette Nolan
Pat Buttram
John Fiedler
John McIntire
Dick Bakalyan
Paul Winchell
Keith Mitchell
Corey Feldman
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 10 july 1981
foarm lange tekenfilm
sjenre dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 83 minuten
budget en resultaten
budget $12 miljoen
opbringst $63,5 miljoen
filmsearje
● folgjend diel The Fox and the Hound 2

The Fox and the Hound is in Amerikaanske dramafilm yn 'e foarm fan in lange tekenfilm út 1981. De film, de 24e jûnfoljende tekenfilm dy't makke waard troch de Walt Disney Productions, stie ûnder rezjy fan Ted Berman, Richard Rich, en Art Stevens. De wichtichste rollen waarden ynsprutsen troch stimakteurs Mickey Rooney en Kurt Russell. De titel betsjut "De foks en de jachthûn".

The Fox and the Hound ferhellet fan de freonskip tusken de foks Tod en de jachthûn Copper. De film is loskes basearre op Daniel P. Mannix syn roman mei deselde namme. De film bringt wol in pear wizigings oan yn it ferhaal. It roman hat in realistysker ferhaal.

The Fox and the Hound waard útbrocht op 10 july 1981. Yn 2006 kaam in ferfolch op de film út ûnder de namme The Fox and the Hound 2.

Copper is in hûntsje dy't troch syn baas ta jachthûn ûnderjochte wurdt en Tod is in fokske sûnder âlden, dy't troch widdo Tweed, in âld wiif, grutbrocht wurdt. De twa moetsje elkoar al mei jonge jierren en wurde freonen dy't net sûnder elkoar kinne. Sy hawwe lykwols gjin aan fan it feit dat hja natuerlike fijannen binne en dat hja letter tsjin elkoaroer stean sille te kommen.

It needlot slacht ta at de twa folwoeksen wurde. Copper, troch syn baas Amos Slade oplaat ta jachthûn, moat tenei ek op foksen jeije. Op in jûn wurdt Tod troch Slade en syn hûnen opjage. By de jacht rekket Slade syn oare hûn, Chief, ferwûne at er troch in trein oanriden wurdt. Slade en Copper binne fan betinken dat Tod der de skuld fan is. Widdo Tweed beseft dat Tod langer nei feilich is en beslút om him werom te bringen nei de wildernis. Dêr moetet er Vixey, in oare foks.

Op it hichtepunt fan de film giet Slade mei Copper op jacht nei Tod. Sy wurde lykwols oanfallen troch in bear. Fanwege Tod kinne sy ûntkomme, wêrnei't Copper en Tod harren skeel bylizze.

  • "The Best of Friends"
  • "Lack of Education"
  • "A Huntin' Man"
  • "Goodbye May Seem Forever"
  • "Appreciate the Lady"

Ynternasjonale premiêres

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1982 waard The Fox and the Hound nominearre foar trije prizen, dêr't ien fan wûn waard:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.