Swartstippelige parlemoerflinter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Swartstippelige parlemoerflinter
Boloria.selene.1.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Aureliaflinters (nymhalidae)
soarte
Boloria selene

It Swartstippelige parlemoerflinter (“Boloria selene”) is in soarte yn it skaai fan de Boloria.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De Swartstippelige parlemoerflinter is seldsume stânflinter. Hy komt foar tusken de grins fan de provinsjes Súd-Hollân en Utert. Ek komt de flinter foar yn Fryslân en ek op Skylge. Der is in populaasje yn Oerisel. Yn 1993 is de soarte útsetten yn it natuergebiet De Meie. Der hat him in selsstannige populaasje ûntwikkele. Yn 2001 is in populaasje útsetten by Ilperfjild. Dizze populaasje hat it net rêden.

De flinter hâldt fan wiete, skrale greiden mei blomrike healannen.

Op de reade list stiet de flinter as bedrige.

Flinter[bewurkje seksje | edit source]

De wjuklingte is 18 oant 22 mm. De boppekant fan de wjukken is oranje mei swarte plakken en stippen. De ûnderkanten fan de wjukken binne mei in soad kontrast tekene. Alle plakken yn de middenbân binne giel of sulver.

Fleantiid[bewurkje seksje | edit source]

De flinter fleant yn twa generaasjes. De earste generaasje fleant fan maaie ôf oant heal juny. De twadde generaasje fleant fan heal juny ôf oant heal septimber. De flinters binne de hiele dei aktyf.

Rûp[bewurkje seksje | edit source]

De rûp oerwinteret as healwaaks rûp. De ferpopping fynt plak oan in stâlel leech yn de fegetaasje.

De weardplant fan de rûp is it Moerasfioeltsje, Hûnsfioeltsje en it Dúnfioeltsje.

Boloria.selene.2.jpg

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]