Susan Boyle
Susan Boyle (1961) is in frijwilliger fan de tsjerke en amateur sjongster út Skotlân dy't ferneamd waard doe't hja op 47-jierrige leeftyd meidie oan de tredde rige fan Britain's Got Talent. Hja song dêr it ferske "I Dreamed a Dream" fan Les Misérables yn de earste rûnde fan it program.
Foar sy begûn mei sjongen, oppenearre it publyk en sjuery har tige negatyf om har foarkommen en leeftyd. Lykwols doe't hja ophold mei sjongen gong it publyk stean en wienen sjuery en publyk tige entûsjast oer har moaie sjongen. Hja krige in steande ovaasje fan it publyk, en 'yes'-stimmen fan alle trije sjueryleden. De audysje wie opnommen yn jannewaris 2009 yn it Clyde Auditorium yn Glasgow, Skotlân.
Oer it ynternet wienen der mei in wike al likernôch 50 miljoen minsken dy't har optreden yn Britain's Got Talent sjoen hienen. Kranten en nijswebsiden oer de hiele wrâld skreaunen oer har. Sjuerylid Cowell besocht Boyle te kontraktearjen foar syn eigen Syco Music-platenlabel, in dochter fan Sony Music.
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
- Fanside fan Susan Boyle Ingelsk