Susan Boyle

Ut Wikipedy
Susan Boyle
sjonger en/of muzikant
Susan Boyle, 2013
Susan Boyle, 2013
persoanlike bysûnderheden
echte namme Susan Magdalane Boyle
nasjonaliteit Britsk
berne 1 april 1961
berteplak Blackburn
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
sjenre Popmuzyk
sjongtaal Ingelsk
jierren aktyf 2009-no
offisjele webside
http://www.susanboylemusic.com/nl/


Susan Boyle (Blackburn, 1 april 1961) is in frijwilliger fan de tsjerke en sjongster út Skotlân dy't ferneamd waard doe't hja op 47-jierrige leeftyd meidie oan de tredde rige fan Britain's Got Talent. Hja song dêr it ferske "I Dreamed a Dream" fan Les Misérables yn de earste rûnde fan it program.

Foar sy begûn mei sjongen, oppenearre it publyk en sjuery har tige negatyf om har foarkommen en leeftyd. Lykwols doe't hja ophold mei sjongen gong it publyk stean en wienen sjuery en publyk tige entûsjast oer har moaie sjongen. Hja krige in steande ovaasje fan it publyk, en 'yes'-stimmen fan alle trije sjueryleden. De audysje wie opnommen yn jannewaris 2009 yn it Clyde Auditorium yn Glasgow, Skotlân.

Oer it ynternet wiene der mei in wike al likernôch 50 miljoen minsken dy't har optreden yn Britain's Got Talent sjoen hienen. Kranten en nijswebsiden oer de hiele wrâld skreaune oer har. Sjuerylid Cowell besocht Boyle te kontraktearjen foar syn eigen Syco Music-platelabel, in dochter fan Sony Music.

Fan 2021 ôf hat Boyle 25 miljoen platen ferkocht. Har debútalbum, I Dreamed A Dream (2009 ), is ien fan de bêst ferkochte albums fan de 21e iuw, mei mear as 10 miljoen ferkochte eksimplaren wrâldwiid, en it wie ynternasjonaal it bêst ferkochte album yn 2009. [1]

Studio albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Ynstelling Kategory Resultaat
2011 53e Grammy Awards Best Pop Vocal Album – I Dreamed a Dream[2] nom
2012 54e Grammy Awards Best Traditional Pop Vocal Album – The Gift[3] nom

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tragedies, feuds and public tantrums: Is the dream finally over for Susan Boyle?. Ryan Kisiel, 2 maaie 2016 news.com.au
  2. Nominees And Winners, GRAMMY.com. Febrewaris 2011
  3. Nominees And Winners, GRAMMY.com. Jannewaris 2012