Suderkrús

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
kaart fan Súderkrús

It Súderkrús (Crux, ôfkoarting Cru) is in lyts mar opfallend stjerrebyld dat tusken rjochte klimming 11u53m en 12u55m en deklinaasje -55º en -65º leit. Hjirtroch is it allinnich op it súdlik healrûn te sjen. Fan alle stjerrebylden oan de himel hat Crux de lytste oerflakte, earder wie it diel fan it stjerrebyld Centaurus.

Alhoewol't it net iens hiel ticht by de súdlike himelpoal leit, hat it op it súdlik healrûn dochs in fergelykbere betsjutting as de Poalstjer op it noardlik healrûn. It "fertikale" part fan it krús dat foarme wurdt troch de stjerren gamma en alpha wiist namlik wol frij nauwkeurich de súdpoal oan.

Ferskate lannen (û.o. Austraalje, Brazylje, Nij-Seelân en Samoa) hawwe it stjerrebyld Suderkrús yn harren natjonale flagge opnommen.

Stjerren[bewurkje seksje | edit source]

(yn folchoarder fan ôfnimmende helderheid)

Wat is der te sjen?[bewurkje seksje | edit source]

Oangrinzende stjerrebylden[bewurkje seksje | edit source]

(mei de wizers fan de klok mei)

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]