Stillibben
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
In stillibben is in artistike komposysje (skilderij, tekening, foto), fierwei it meast fan in (dea) foarwurp. It giet dan om objekten út de natoer sa as iten, blommen, planten, stiennen of skelpen; of troch minsken makke alledeistige dingen sa as fasen, potsjes en pansjes, munten, boeken, tabaksdoazen, ensafuorthinne.
De oarsprong fan it stillibben leit al yn de midsieuwen en ek yn de Grykske- en Romeinske âldheid waarden sy al makke. It stillibben joech de keunstner fan dy tiid mear frijheid fan komposysje en kleurgebrûk as yn it gefal fan in portret of in lânskip, dêr't de komposysje en kleurtoan fan fêst leit. Nei 1800 spile dit motyf hoe langer hoe minder in rol.
Stillibbens fan foar 1700 hawwe faak religieuze en/of allegoaryske symboalen. Doetiids ferstiene taskôgers de djippere betsjutting fan sjochtwei foarwurpen better as no. Bygelyks in memento mori, troch in kombinaasje fan in bibel mei in minslike plasse ôf te byldzjen.
| Stillibben | Soarte stillibben | Foarwerpen | Symbolyk |
| Pronkstillibben | Kostberheden en bysûndere fruchten | Rykdom, wielde | |
Stillibben mei in eksimplaar fan |
Oerwinningsstillibben | Hjerring, bôle, bier | De nasjonale ekonomy, sunichheid en flyt |
Banket stillibben, 1667, |
Banketsje | Foarwerpen en iten dy't by in miel hearre | Mooglik in oamoediging ta matichheid, of in ferwizing nei it Lêste Jûnsmiel. Kin ek rykdom werjaan. |
Vanitas, 1630, Pieter Claesz |
Vanitas | Skedels, dôve kearsen, ferwyklge blommen, fergiene boeken, omfallen glêzen | Idelheid en sinleasheid fan ierdsk besit of it memento mori |
Trompe l'œil, |
Synbedrager of Trompe-l'oeil | Samling foarwerpen út it deistich libben dy't libbensecht lykje, bygelyks in rek mei brieven, pennen, skjirren en sokssawat. | |
Stilleven met bloemen, 1639, |
Blomstillibben | Allerhanne blommen, somtiids fan ynsekten (flinters, krobben) omjûn. | Faaks fergonklikens, mar ek bewûndering foar de skepping |
| Fruitstillbben | Allerhanne fruchten | Oerfloed en fruchtberheid | |
| Wittenskipsstillibben | Boeken, passers, wrâldbol, sânrinners | Geleardens, de oerwinning fan de wittenskip | |
In aap en in hûn by dood wild, |
Jachtstik | Deade fasanten, dowen, harten en oar wyld | |
Stilleven, 1644, Adriaen van Utrecht |
Muzykynstruminten | ||
Stillibben, 1641, Alexander Adriaenssen |
Merk- en keukenstikken | Fleis, fisk, griente en fruit | |
| Religjeus | Rozekrânse, kroan, wiereekfet, fisk | Ferwizing nei Bibelske ferhalen | |
Stillibben me romer, fluit, ierden krúk |
Religjeus | Nôtieren, druvetrosse en romer wyn | Ferwizing nei Kristus |
Stilleven, Abraham van Beijeren |
Religieus | Appel of sinesappel | Ferwizing nei de erfsûnde |
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Still life paintings fan Wikimedia Commons. |