Pieter de Ring

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stillbben mei kreeft en ring, Indiana University
Kaart fan Leien troch Blaeu in 1652

Pieter de Ring (1605/1625, Ieper? –  22 septimber 1660, Leien) is wierskynlik berne yn Ieper, mar de argiven fan dy stêd binne yn augustys 1914, yn de Earste Wrâldkriich ferlern gien. De famylje(?) is nei Leiden ferhûze lykas in protte Flaamske tekstylwurkers yn dy tiid en Pieter waard healwei de 17e ieu lid fan it Sint Lukasgilde. Hy hearde ta de oprjochters lykas Gabriel Metsu en Jan Steen. Fermoedlik is er syn karriêre begûn as graveur, mar De Ring waard ferneamd fanwege syn rike stillibbens, of banketstikken mei fruit, kreeften, grenaten, oesters, kleedsjes en Sineesk porslein. Faak ûndertekene er mei in in ring of syn latinisearre namme, P.Ab.Annulo.

Pieter de Ring is noait troud yn Leien, hat gjin hûs kocht, en gjin testamint neilitten. It is wis dat er begroeven is fanút de Nonnestege, neist it Akademygebouw yn Leien. Syn famyljeleden arbeiden allegearre yn de lekkenyndustry. Dat er sa goed kleden skilderje koe hat dêr mei te krijen. Syn wurk ferriedt de ynfloed fan Willem Claesz. Heda. Der wurdt ek wol tocht dat er in learling west hat fan Jan Davidsz. de Heem.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]