Stasjon Rotterdam Delftsche Poort

Ut Wikipedy
Stasjon Rotterdam Delftsche Poort
station Rotterdam Delftsche Poort
Rotterdam Delftsche Poort om en de by 1902
Rotterdam Delftsche Poort om en de by 1902
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
gemeente Rotterdam
plak Rotterdam
arsjitektuer
stasjonskoade DP
type Kopstasjon
iepening 3 juny 1847
sluting 21 maaie 1957
boujier 1846 1e stasjonsgebou
1877 2e stasjonsgebou
sloopjier 1878 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1846
Cornelis Outshoorn
1e stasjonsgebou
1873
Karel Hendrik van Brederode
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
spoarline Alde line
Steatsline I
kaart
Stasjon Rotterdam Delftsche Poort (Rotterdam-Sintrum)
Stasjon Rotterdam Delftsche Poort

Stasjon Rotterdam Delftsche Poort (DP) wie in stasjon oan de Alde line en Steatsline I yn Rotterdam yn de provinsje Súd-Hollân. It stasjon stie besúden it hjoeddeiske Stasjon Rotterdam Sintraal. Njonken it stasjon is yn 1857 de Diergaarde iepene.

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2e stasjonsgebou Rotterdam Delftsche Poort yn 1858
Loftfoto fan it 2e stasjonsgebou Rotterdam Delftsche Poort om en de by 1930 mei op de foargrûn krekt sichtber it yntreegebied fan de Diergaarde

It earste stasjon Delftsche Poort waard iepene yn 1847 by it ôfmeitsjen fan it spoar fan Amsterdam nei Rotterdam. It stasjon waard ûntwurpen troch Cornelis Outshoorn, in assistint fan Frederik Willem Conrad. Hy keas foar in neotudorstyl mei trije grutte bôgen oer it spoar dêr't de stoomtrein ûnder troch koe.[1][2]

Yn 1868 waard besletten in spoarweifiadukt (it Loftspoar) troch de stêd te bouwen foar de ferbining mei Doardt. It stasjonsgebou fan stasjon Delftsche Poort bliek net te kombinearjen mei it oan te lizzen fiadukt, wêrnei't in nij stasjon Delftsche Poort boud waard 500 meter fan it âlde stasjon. Dit stasjon wie ûntwurpen troch K.H. van Brederode en waard oplevere yn 1877. It eardere stasjonsgebou waard om 1878 hinne ôfbrutsen.

It stasjon waard útfierd as kopstasjon mei lânspoaren. Dêrtroch hat stasjonsgebou in bysûndere foarm, nammentlik de foarm fan in heak. It bestiet út in trapesium-foarmich middenpart mei oan wjerskanten lange fleugels. Yn de fleugel dy't op de kopspoaren útkaam wie de HIJSM húsfeste wylst Steatsspoar yn de tsjinoerlizzende fleugel siet. It stasjonsgebou waard yn 1934 yngreven ferboud troch arsjitekt Van Ravesteyn. By dizze ferbouwing waard de gevel fan it middenpart ferfongen troch in nije glêzen yngong en der waard in nije eftertagong tafoege.

By it bombardemint op Rotterdam yn 1940 rekke it stasjon slim skansearre, besletten waard om it stasjon net te reparearjen mar om in folslein nij stasjon te bouwen 500 meter westlik fan it skansearre stasjon. De restanten fan it skansearre stasjon ha noch oant 1957 de iepening fan it nije stasjon tsjinst dien.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: