Tudorstyl

Ut Wikipedy
Kapel fan Kings College, Universiteit fan Cambridge
Part fan paleis Hampton Court yn Grut-Londen boud ûnder kening Hindrik VIII
Detail dak en skoarstiens - Hampton Court Palace

De tudorstyl is in styl dy't gongber wie yn de Ingelske arsjitektuer yn de tiid fan it foarstehûs Tudor, dat regearre fan 1485 oant 1603. De styl waard beynfloede troch it Flaamske maniërisme en hat in protte fersieringen dy't yn mitselwurk útfierd binne, sa as bôgen (tudorbôgen), trepgevels en pinakels. De ynterieurs wienen ek ryk fersierd.

De neo-tudorstyl is in romantyske ynterpretaasje fan de tudorstyl dy't yn en bûten Ingelân fûn wurdt yn de twadde helte fan de 19e iuw. Ek dy styl wurdt skaaimerke troch in soad ornaminten. Soms wurdt ek dizze styl mei 'tudorstyl' oantsjut, mar dat is net korrekt.

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Dekoratyf fakwurk
  • Frijwat steile skeane dakken
  • Geveltoppen mei útstykjende krúsfoarmen
  • Lange, smelle doarren en finsters
  • Lytse finsters en ruten
  • Grutte skoarstiens, faak fersierd

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]