Solingen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Solingen
Clemens.jpg
Sifers
Ynwennertal 159,927 (2010)
Oerflak 89,45 km²
Befolkingstichtens 1800 / km²
Hichte 53–276 m
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Noardryn-Westfalen
Distrikt Stedsdistrikt
Boargemaster Franz Haug (CDU)
Oar
Koördinaten
Webside www.solingen.de
Lizzing Solingen yn Dútslân

Solingen is in stedsdistrikt (kreisfreie Stadt) yn de Dútse dielsteat Noardryn-Westfalen. It leit benoarden Keulen, yn it suden fan it Ruhrgebiet oan de rivier de Wupper. Solingen is ûnderoaren in susterstêd fan Gouda.

Solingen wurdt wol "stêd fan messen" neamd, omdat it al fanâlds bekend is fan de fabrikaazje fan goede swurden, messen, skjirren en skearmessen, dy't makke wurde troch ferneamde firma's sa as DOVO Solingen, Wüsthof, J. A. Henckels, Böker, Eickhorn-Solingen en tal fan oare fabrikanten. Wilkinson Sword sit dêr ek. Dêrom is Solingen te fergelykjen mei Sheffield en Birmingham yn Ingelân. Sa'n 90% fan alle messen yn Dútslân wurde yn Solingen makke.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Solingen waard foar it earst neamd yn 1067 troch in kronykskriuwer dy't de kontrei mei "Solonchon" oantsjutte. Iere farianten fan de namme binne ek "Solengen", "Solungen" en "Soleggen", mar de namme fan no wurdt al brûkt sûnt de lette 14e en iere 15e ieu.

Solingen wie ieuwenlang mar in doarpke. Yn de 15e ieu waard it in fersterke stêd. Under de Twadde Wrâldkriich waard de âlde stêd folslein ferwoastge troch alliearde bombardeminten, yn 1944 stoaren dêrtroch 1.040 minsken.

Yn de Midsieuwen joegen de swurdsmidden de namme Solingen al klank. Swurden út Solingen koenen fûn wurde yn de Angelsaksyske keninkriken fan Brittanje en de kwaliteit fan de wapens waard priizge yn hiel Noard-Jeropa en sy waarden oeral yn Europa ferhannele. Yn it lêst fan de 17e ieu brutsen in tal swurdsmidden út Solingen harren gilde-eed troch harren (geheime) smeikeunst ta te passen yn Shotley Bridge, greefskip Durham, yn Ingelân.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | edit source]

Wenten typysk foar Solingen

Berne yn Solingen[bewurkje seksje | edit source]

Müngstener Brücke, spoarbrêge tusken Solingen en Remscheid.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

 
Noardryn-Westfalen
Flagge fan Noardryn-Westfalen
Regierungsbezirke

Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster

Landkreise
Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel

Kreisfreie Städte
Aken (stêd) - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Münster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal