Slach by Medway

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Slag by Medway (of Medway Rivier) fûn plak yn 43 n. Kr. op grûngebiet fan de Keltyske Kantiasy-stam, yn it súdeasten fan it tsjintwurdige Ingelân en gie tusken it Romeinske ryk en de Kantiasystam. It wie de earste grutte slach fan de Romeinske ynvaasje fan Brittanje en waard troch de Romeinen wûn.

De Slach[bewurkje seksje | edit source]

Neidat it Romeinske ynvaasjeleger lanne wie op it eilân Wright waarden sy ûntdekt troch de Britske Kelten. It Romeinske leger stie ûnder lieding fan Aulus Plautius en keizer Klaudius. De Kelten ferienen har om de Romeinen te bestriden en stienen ûnder it kommando fan Togodumnus en syn broer Caratacus (beiden wienen soannen fan Cunobelinus). Yn de slach dy't fjochte waard wienen de Britten minder as de Romeinen en waarden ferslein.