Skobde ibis

Ut Wikipedy
skobde ibis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai Afrikaanske griene ibissen (Bostrychia)
soarte
Bostrychia rara
Rothschild, Hartert & Kleinschmidt, 1897
IUCN-status: net bedrige

De skobde ibis of bûnte ibis (Bostrychia rara) is in fûgel út 'e famylje ibissen en leppelbekken.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skobde ibis.

De skobde ibis is ibissoarte fan 46 oant 50 sm lang en dêrmei de lytste fûgel fan it skaai Afrikaanske griene ibissen. De fûgel liket op 'e oliifgriene ibis (Bostrychia olivacea), mar is lytser en slanker. Karakteristyk foar de fûgel binne de okerbrune flekken op it boarst en de hals. De kromme snaffel is read en by it each hat er opfallende ljochte flekken. By wyfkes is dat minder dúdlik te sjen.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel komt yn westlik en sintraal Afrika foar en is útsein yn Gabon en Kongo fierder nearne algemien. It is in monotypyske soarte, dat betsjut dat der gjin ûndersoarten bekend binne.

Gedrach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel is tige skou en libbet yn reinwâlden, altiten tichteby wetter en tichte beplanting en fral yn mûningsgebieten fan rivieren. It iten bestiet út krobben, larven, wjirms, lytse slangen en harren aaien, kikkerts ensfh.

De fûgels bouwe harren relatyf lytse nêsten op in hichte fan 1 oant 6 m yn beammen. Yn 'e regel wurde twa aaien yn 25 oant 28 dagen útbret. Jonge fûgels sitte ynearsten yn donker dûns, dat nei seis dagen feroaret yn in tichter, wyt dûnskleed.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme, mar net earnstich genôch om as bedrige te beskôgjen. De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list dêrom as 'net bedrige'.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Fleckenibis (ferzje 2 maaie 2024)