Reade list

Ut Wikipedy

In reade list is in list fan bedrige entiteiten. Almeast giet it hjirby om in list fan biologyske soarten. Der binne reade listen dy't wrâldwiid jilde, mar ek lânwide of streekwide listen.

In reade list jout foar alle soarten in tastân, dy't oanjout hoe slim at de soarte bedrige is. De list is soms ek opdield neffens dy tastannen.

In opdieling dy't faak brûkt wurdt is:

  1. Utstoarn (By in net-wrâldwide list: Hjir ferdwûn.)
  2. Slim bedrige
  3. Bedrige
  4. Kwetsber
  5. Gefoelich
  6. Net bedrige

De earste en lêste soarten wurde ek wol apart opnaam, op in swarte en in wite list. Utstoarn wurdt ek noch wol opdield mei in twadde tastân, ferdwûn, foar soarten dy't net mear yn de natuer foarkomme, mar dy't strikt naam noch net útstoarn binne om't der noch eksimplaren fan libje yn bistetunen of plantetunen.

Reade list yn de Wikipedy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]