Skipswrak
In skipswrak is it oerskot fan in sonken skip dat net langer brûkt wurde kin. Skipswrakken lizze betiden by de kust lâns, mar lizze meastentiids ûnder wetter, in skipswrak kin sels noch driuwe.
Ynhâld |
Argeology [bewurkje seksje]
Argeologen stelle fan harren berop út belang yn skipswrakken, fral as dy út de Aldheid of de Midsieuwen stamje. Dizze tûke fan de argeology wurdt ûnderwetterargeology of maritime argeology neamd. Yn 'e lêste fyftich jier hawwe oeral op de wrâld maritym-argeologyske opgravings plakfûn, dêr't guon fan bergings wienen mei tige spektakulêre fynsten, bygelyks de Vasa yn Stokholm en fan de Mary Rose yn Portsmouth.
Sport [bewurkje seksje]
Skipswrakken dy't ûnder wetter lizze op de boaiem fan de see of fan de oseaan lûke fisken oan. Derom sykje sportfiskers soms spesjaal wrakken op om te fiskjen. Troch dûkers wurdt sawol nei skipswrakken doken as hobby of om foarwerpen te finen. Dat is net sûnder gefaar en dûkers hawwe de noadige kennis en ûnderfining nedicht.
Bekende skipswrakken en wrakfynsten [bewurkje seksje]
Moderne [bewurkje seksje]
- RMS Titanic
- SS Andrea Doria
- RMS Empress of Ireland
- RMS Lusitania
- Persia
- Bismarck
- Yamato
- Pallas
- SS American Star
- Pamir
- Umbria
Midsieuwen en iere Nijetiid [bewurkje seksje]
- Vizcaína - ien fan de skippen fan Kristoffel Kolumbus, dat yn 1503 sonk en yn 2004 wer fûn waard
- Skipsbarrikade fan Skuldelev.
- Mary Rose - sonken yn de tiid fan Hendrik VIII yn de haven fan Portsmouth, tsjintwurdich in museum.
- Vasa - oorlochsskip sonken yn de haven fan Stokholm.
- Ralswiek-boat.
- Akerendam - FEK-skip, yn 1725 sonken by it Noarske eilân Runde.
- Kvalsund-boat - boat út de tiid fan de Wytsingen, fûn op it Noarske eilân Nerlandsøya.
- Nuestra Señora de Atocha - Spaansk galjoen, yn 1622 foar de kust fan Florida sonken en yn 1985 burgen. Yn de skipslading is de grutste goudskat fan in skipwrak ea fûn.
- Nuestra Señora de la Concepción (1638), Spaansk galjoen ûnderweis op de Manilla-rûte, yn septimber 1638 foar Saipan sonken en yn 1987 burgen.
Romeinske tiid [bewurkje seksje]
Brûns- en Izertiid [bewurkje seksje]
- Skipswrak fan Kyrenia, Syprus
- Skip fan Uluburun, Turkije.
- Wrak fan Madia
- Dover-boat
- North Ferriby-boat, Humber
- Hjortspring (ek neiboud)
Stientiid [bewurkje seksje]
- Beamstamboat fan Damme, Nedersaksen
- Beamstamboat fan Pesse, Mesolitikum
- Beamstamboat by Hardinksfjild, Mesolitikum.
Keppelings om utens [bewurkje seksje]
- Skipwrak-feitebank mei mear as 65.000 wrakken Ingelsk
- Wikiwurdboek-side - skipswrak.