RMS Titanic

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Skilderij fan Willy Stöwer oer it ûngemak.

De RMS Titanic wie de twadde fan trije grutte lúkse passazjiersskippen dy't it mearpart fan de passazjiers oer de Atlantyske Oseaan oernimme moasten. It skip waard yn Belfast boud foar de White Star Line, en op 20 oktober 1910 te wetter litten. Doe't de Titanic oan syn earste reis begûn wie it it grutste passazjiersskip yn de wrâld mei 2235 minsken oan board.

Op dy earste reis, yn april 1912 krige de Titanic op 14 april om 11 uur 40 yn de nacht in botsing mei in iisberch. De iisberch skansearre de romp oan stjoerboard, dêr't seis lekken troch ûntstienen. Trije oeren letter wie it skip te sink gongen. Fyftsjinhûndert minsken kamen om hals, wat dit ien fan de slimste skipsûngemakken ea makke.

It te sink gean fan de Titanic is lykwols ek ien fan de ferneamdste skipsûngemakken. It hat de ynspiraasje west foar in grut tal boeken en foar in tsiental films.

Yn 1985 waard op de boaiem fan de Atlantyske Oseaan it wrek fan de Titanic weromfûn, op 41°43′ N, 49°56′ W. Der is in grut tal dingen út it skip nei boppen helle, dêrûnder in stik stiel fan it skip fan 6,5 by 4 meter. Doe't it wrek fûn waard, wie de tastân dêrfan noch goed. Mûglik troch de fersteurings troch de bergings, wurdt de tastân fan it wrek hurd minder. It wurdt rûsd dat it tsjin 2050 foar it grutste part ferdwûn wêze sil.