Sjyiten

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Sjyiten (Arabysk: شيعة Sjiat Aly, letterlik Partij fan Aly) is in sammelnamme foar in grut tal islamityske sekten dy't mien hawwe de erkenning fan Aly as ienige rjochtmjittige kalyf nei de dea fan de profeet Mohammed. De Sjat Aly ûntstie as politike groepearring yn 661 doe't de net Alidyske Omajjaden it kalifaat bemachtigen. By de Sjyiten hearre de ismaliten en de imamieten. Tsjintwurdich komme de measte Sjyiten foar yn Iran, Irak, Jemen, Syrje en Yndia.