Springe nei ynhâld

Sint-Patrickkatedraal (Dublin)

Ut Wikipedy
Sint-Patrickkatedraal

St. Patrick’s Cathedral

Lokaasje
lân Ierlân
plak Dublin
adres St Patrick's Close, Patrick Street
koördinaten 53° 20' N 6° 16' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Tsjerke fan Ierlân
bisdom Dublin en Glendalough
patroanhillige Sint-Patrick
Arsjitektuer
boujier 1191-1270
boustyl gotyk
Webside
www.stpatrickscathedral.ie
Kaart
Sint-Patrickkatedraal (Dublin-Sintrum)
Sint-Patrickkatedraal

De Sint-Patrickkatedraal (Ingelsk: St. Patrick’s Cathedral; offisjeel De Nasjonale Katedraal en Kollegiale Tsjerke fan Sint-Patrick, The National Cathedral and Collegiate Church of Saint Patrick; Iersk: Ardeaglais Naomh Pádraig) is in protestanske katedraal yn Dublin, Ierlân. Alhoewol't de Sint-Patrick de grutste is fan de twa katedralen fan 'e Tsjerke fan Ierlân yn Dublin, is de lytsere Christ Church Cathedral (Kristus Tsjerke Katedraal) de offisjele biskopssit.

Bou fan de tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
12e- of 13e-iuwsk byld fan Sinbt-Patrick yn it suder dwersskip.

Yn 1192 joech aartsbiskop John Comyn ien fan de fjouwer Keltyske parochytsjerken yn Dublin de status fan in kollegiale tsjerke. Dy tsjerke lei by in hillige boarne en wie wijd oan 'e Ierske misjonaris Sint-Patrick. De kollegiale tsjerke lei bûten de muorren fan 'e stêd en yn 'e rin fan 'e tiid ferskynden der om it tsjerkegebou hinne jimmeroan mear gebouwen. Wannear de tsjerke de status fan katedraal krige is net mear te efterheljen, mar it wie nei alle gedachten nei 1192.

De fûneminten foar de hjoeddeiske 91 meter lange tsjerke waarden lein tusken 1191 en 1270. Fan dy tsjerke is lykwols mei útsûndering fan 'e doopkapel net folle oerbleaun. De bou stie benammen ûnder lieding fan Hindrik de Loundres, in freon fan 'e kening fan Ingelân en ûndertekener fan 'e Magna Carta, dy't ek belutsen wie by de bou fan 'e muorren en it kastiel fan Dublin.

Sûnt healwei de 14e iuw en foar mear as 500 jier waard it noardlik dwersskip brûkt troch de Nikolaasparochy, dat mei in muorre ôfskieden waard fan 'e rest fan 'e tsjerke. De toer, dy't nei aartsbiskop Thomas Minot ferneamd waard, en it westlike skip waarden nei in brân tusken 1362 en 1370 op 'e nij boud. Yn 1749 krige de 43 meter hege toer de hjoeddeiske spits.

De tsjerke wie altiten al bekend mei wetterproblematyk en hie troch de ôftakkings fan 'e Poddle lêst fan in grut tal oerstreamings, benammen yn 'e lette jierren fan 'e 18e iuw. Dy sitewaasje duorre oant de 20e iuw en is ek de reden wêrom't der nea in krypte ûnder de katedraal oanlein is.

Oersicht ynterieur.

Nei de Ingelske reformaasje tusken 1536 en 1564 waard de Sint-Patrickkatedraal yn 1537 fan 'e katoliken ôfnommen en in Anglikaanske tsjerke. De measte bewenners fan Dublin gyngen ek oer nei de nije lear. Under kening Eduard VI folge in degradaasje fan 'e katedraal en waard Sint-Patrick in gewoane parochytsjerke oant in hânfêst fan Filips II en Marije I ornearre dat de âlde privileezjes fan 'e tsjerke werom jûn wurde moasten. Ek de weardefolle saken (lykas sulver, juwelen en instruminten), dy't earder troch de Sint-Patricktsjerke ôfstien wurde moasten oan de Christ Church, moasten restituearre wurde. Under it regear fan Marije I waard yn 1558 foar it lêst it feest fan 'e Hillige Jongfaam Marije fierd.

Marijekapel.

Nei't de puritein Oliver Cromwell Ierlân ferovere, liet dy de hynders fan syn milysje yn it skip fan 'e katedraal stâlje om sa syn leechachtsjen fan 'e Anglikaanske lear te demonstrearjen, dy't hy assosierre mei it roomske leauwen en de monarchy. Nei de restauraasje fan 'e monarchy yn 1660 waarden der renovaasjes oan 'e katedraal útfierd.

18e-iuwske plattegrûn.

Yn syn lange skiednis droech de katedraal in soad by oan it Ierkse libben. De skriuwer Jonathan Swift (skriuwer fan Gulliver's Reizen) wie fan 1713 oant 1745 dekaan fan 'e katedraal. Hy waard yn 'e katedraal begroeven en it plak fan syn grêf wurdt oanjûn mei in epitaaf.

Yn 'e rin fan 'e tiid fertutearze de tsjerke hieltyd mear en yn 1792 koene der sels gjin tsjinsten mear plakfine fanwegen de minne tastân fan 'e súdlike muorre, dy't 60 sintimeter út it lead hong. Ek dielen fan it dak wiene net mear yn oarder, dy't troch stellings op it plak holden wurde moast. Oan it begjin fan 'e 19e iuw lei it noardlike dwersskip yn pún en wie de sitewaasje fan it súdlike dwersskip net bêst. Jild foar in grutskalige renovaasje ûntbriek, mar stadichoan waard de Lady Chapel (Kapel fan Us Leaffrou) renovearre en dêrnei de flier, dy't yn dy tiid meters heger lei, werom brocht ta it oarspronklike nivo. Oare needsaaklike saken waarden teminsten foar in part oanpakt. Yn 'e midden fan 'e 19e iuw waard in Keltysk krús by de katedraal fûn, dy't nei alle gedachten ea it plak fan 'e hillige boarne markearre.

Stânbyld fan sir Benjamin Lee Guinness.

De sa nedige grutte restauraasje fan 'e tsjerke waard lang om let tusken 1860–1865 mooglik makke troch de rynske brouwer Benjamin Guinness. Sadwaande stamt in grut part fan 'e muorren en de dekoraasjes út it Fiktoariaanske tiidrek. Spitigernôch waard net fêstlein wat der ferboud waard, sadat it hjoed-de-dei net goed dúdlik is hokker dielen fan 'e katedraal noch oarspronklik midsiuwsk binne en wat Fiktoariaanske ferfanging is. It byld fan Benjamin Guinness stiet by it súdlike portaal. Syn soan Arthur (ek in brouwer) joech de tsjerke in glês-yn-leadraam fan in foarstelling fan Rebekka by de boarne (mei de humoristyske tekst: "Ik wie toarstich en jo joegen my te drinken"). It park by de tsjerke en in stel nije klokken waarden yn 1901 skonken troch syn soan Edward.

Fan 1783 oant de ôfsplitsing fan 'e Tsjerke fan Ierlân yn 1871 tsjinne de katedraal as Chapel of the Most Illustrious Order of Saint Patrick. De heraldyske flaggen út dy tiid hingje noch jimmeroan yn it tsjerkeskip.

It probleem fan twa katedralen yn ien en itselde bisdom waard yn 1871 oplost, doe't de synoade fan 'e nije, selsstannige Tsjerke fan Ierlân ornearre dat de Christ Church Cathedral tenei de katedraal fan it bisdom Dublin wie en de Saint-Patrick's Cathedral de status fan in nasjonale katedraal krige, dêr't nasjonale plechtigheden fierd wurde.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ramen súdlik dwersskip mei foarstelling út it Nije Testamint.

Yn 'e tsjerke waarden mear as 500 minsken begroeven. It meast opfallende grêfmonumint is dy fan 'e famylje Boyle út de 17e iuw. Greve Richard Boyle (1566-1643) spile in grutte rol by de Ingelske kolonisaasje fan Ierlân yn 'e 16e en 17e iuw en krige yn it ramt fan 'e Plantation grutte stikken lân yn it suden fan Ierlân. It monumint dat de graaf ta oantinken fan syn frou Katherine bouwe liet, is fersierd mei de bylden fan 16 famyljeleden.

Oare epitafen binne dy fan 'e komponist Turlough O’Carolan (1670–1738) en Douglas Hyde, de earste Ierske presidint (1860–1949).

De katedraal wurdt ek in soad besocht fanwegen Jonathan Swift, dy't as deken yn 'e katedraal wurke hat en dêr yn it súdlike diel fan it tsjerkeskip mei syn frou Stella begroeven leit. Yn in fitrine is ek it deadenmasker fan 'e skriuwer te sjen.

Yn it noardwestlike diel fan it tsjerkeskip is in houten doar mei in gat te sjen. It gat waard yn 1492 troch lord Kildare makke om syn fijân, lord Ormonde, dy't him yn 'e tsjerke foar him skûlhold, de hân te skodzjen om sa it ein oan it skeel te besegeljen.

It oargel giet werom op in instrumint dat yn it jier 1697 troch Renatus Harris boud waard. Eartiids stie it oargel op it doksaal tusken it tsjerkeskip en it koer. Der is in soad oan it oargel ferboud en feroare en it krige yn 'e 18e iuw in tredde manuaal. Healwei de 19e iuw fûn nijbou fan it oargel plak mei bêhâld fan 'e pipen út 1697 en waard it oargel oerbrocht nei de noardlike kant fan it koer.

It hjoeddeiske ynstrumint stamt fan 'e oargelbouwer Henry Willis and Sons, op 'e nij mei it behâld fan 'e âlde pipen. J. Walker & Sons renovearre it oargel yn 1963 en ferfong de pneumatyske trakturen troch elektropneumatyske trakturen. Foar it lêst waard it oargel yn 1994 restaurearre troch de firma Harrison & Harrison. It hat no 70 registers ferdield oer fiif manualen en pedaal.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St Patrick's Cathedral, Dublin