Springe nei ynhâld

Sibe van Aangium

Ut Wikipedy
Sibe van Aangium
skriuwer
Hendrik Steen
Hendrik Steen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hendrik Steen
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 21 novimber 1895
berteplak Eanjum
stoarn 12 septimber 1953
stjerplak Haren (Grinslân)
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Jeugdboek, histoaryske roman
streaming Kristlik-moralistysk
bekendste
  wurk(en)
Hotse Hiddes-trilogy
Smokkelaars van de Schans-trilogy

Sibe van Aangium (Eanjum, 21 novimber 1895 - Haren, 12 septimber 1953) wie de skriuwersnamme fan dûmny Hendrik Steen.

Hendrik Steen wie in soan fan timmerman Gerrit Steen en Trijntje Feninga. Nei de legere skoalle wurke er ynearsten by syn heit, mar hy woe studearje, it leafst medisinen. Syn âlden woene lykwols perfoast hawwe dat er teology studearre.[1]

Doe't er 19 wie gie er nei it Kristlik Gymnasium yn Kampen en dêrnei studearre er teology oan de Teologyske Hegeskoalle yn itselde plak. Hy ferfolge syn stúdzje oan de Frije Universiteit yn Amsterdam, en promovearre yn 1937 oan de universiteit fan Münster mei it proefskrift Das Leib-Seele-Problem in der Philosophie Hollands.

Hy stie as grifformeard dûmny yn Sâltkamp (1922-1926), De Helder (1926-1928) en Andyk (1928-1942), yn 1951 gie er mei emeritaat; hy wie doe noch mar 56 jier. Skiednis hie er in protte nocht en niget oan. Yn 1931 waard syn Uit fel bewogen dagen. Geschiedenis van de Doleantie in Anjum publisearre.

Hy hat ferskate teologyske wurken publisearre, mar lanlik wie er bekend as Sibe van Aangium, skriuwer fan aventoereboeken foar de jongerein. De haadfigueren yn syn ferhalen kamen fan Eanjum en omkriten en belibben harren aventoeren yn histoarysk wichtige perioaden as de Tachtichjierrige oarloch, Frânske tiid, Belgyske Opstân en Twadde Wrâldoarloch. It bekendst binne de Hotse Hiddes-trilogy, de Smokkelaars van de Schans-trilogy en de Zwarte Mus-trilogy, dy't hieltyd noch lêzen wurde. It fúljeton Sjouk van Holdinge ferskynde yn it Frysk Deiblêd en is as iennichste foar folwoeksenen skreaun.

Syn wurk is kristlik-moralistysk fan karakter: de striid tusken goed en kwea, leafde foar jins neisten, fermoedsoenjend foar jins fijannen oer, it binne de tema's fan al syn boeken.

Hendrik Steen boaske yn 1922 mei Johanna Jantina Apol (1895-1991). Sy krigen 11 bern dêr't acht fan folwoeksen waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Siem van der Woude, Sibe van Aangium bracht geschiedenis dich bij huis. Frysk Deiblêd, 8 desimber 2018