Sheila Scott
Sheila Scott (27 april 1922 – 20 oktober 1988) wie in Ingelske piloat.
Sheila Christine Hopkins (OBE) waard berne yn Worcester, Worcestershire, Ingelân yn 1922 [1]. Sy bruts goed 100 langeôfstânfleanrekords, ûnder oaren makke sy in flecht fan 34000 km ("world and a half") yn 1971. Op dy flecht waard sy de earste persoan dy't yn in lytse fleanmasine oer de Noardpoal fleach. Sy waard beneamd ta offisier yn de Oarder fan it Britske Ryk (OBE) yn 1968.
Yn 1943 sette hja útein mei aktearjen ûnder de namme Sheila Scott, in namme dy't hja har heule libben oanhâlde soe. Scott wie in skoftke troud (1945-1950) mei Rupert Bellamy. Yn 1958 learde sy it fleanen; nei njoggen moannen fleach sy solo.
[bewurkje seksje] Myth Too
De fleanmasine dêr't sy 90 rekords mei makke wie in ienmotorige Piper Comanche (registraasje: G-ATOY) mei de namme Myth Too. Yn 1966 kocht sy it tastel. It is no te sjen yn it National Museum of Flight yn Skotlân.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- "Shelia Scott", Encyclopædia Britannica.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|