Shannon (rivier)

Ut Wikipedy
De Shannon Pot wurdt tradisjoneel as boarne fan de Shannon beskôge
Rin fan de Shannon
Shannon-Bridge, Offaly

De Shannon (Iersk: Abha na Sionainne / an tSionainn / an tSionna) is in rivier yn Ierlân. Mei 386 kilometer is it de langste rivier op it eilân Ierlân.[1] De Shannon is in mânske fysike barriêre tusken east en west-Ierlân. Tusken Killimer yn it suden en Dowra yn it noarden binne der krapoan tritich plakken dêr't de rivier oerstutsen wurde kin.

De Shannon wie al yn de Aldheid in rivier fan belang. Foar safier't bekend is, wie de Gryksk-Egyptyske geograaf Ptolemaeus de earste dy't de rivier op de kaart sette. De rivier rint rûchwei nei it suden fanôf de Shannon Pot yn County Cavan foardat er tusken Killaloe en Limerick nei it westen draait. Nei Limerick streamt de rivier troch it 113 kilometer lange estuarium nei de Atlantyske Oseaan.

Limerick leit op it plak dêr't it swiete rivierwetter it sâlte seewetter fan it estuarium rekket. Dat is teffens it punt dêr't it tij net mear de fernimmen is.

De Shannon is nau ferbûn mei de sosjale, kulturele, militêre, ekonomyske en politike skiednis fan Ierlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Carrick-on-Shannon-brêge, greefskip Leitrim

De rivier sa't er no rint ûntstie nei de ein fan de Iistiid. De Wytsingen festigen harren yn de omkriten yn de 10e iuw. Sy brûkten de rivier foar plondertochten nei rike kleasters yn it binnenlân. Yn 937 kaam it ta in slach op de Lough Ree; de Limerickske Wytsingen fersloegen doe de Dubliner Wytsingen.

Yn de 17e iuw wie de Shannon fan grut strategysk belang foar ferskillende fjldtochten, meidat de steam in fysike skieding wie tusken it westen en easten fan Ierlân. Yn de Konfederaasje Krigen, yn de jierren 1641-1653, moasten de Ierske troepen harren yn 1650 tebeklûke efter de Shannon en koenen hja harren noch twa jier de Ingelske parlemintêre troepen fan it liif hâlde.

By it tarieden fan de "Act for the Settlement of Ireland 1652" ('Ingelske folksplantingen yn Ierlân') nei de ferôvering fan Ierlân troch Cromwells troepen, soe Cromwell de oerbleaune Ierske lâneigners de kar jûn hawwe "to go to Hell or Connacht". Sadwaande waard yn eastlik Ierlân lân frijmakke foar Ingelske kolonisten.

Under de kampanje fan Willem III fan Oranje yn Ierlân (1689-1691) lutsen de Jakobiten harren nei it ferliezen fan de Slach oan de Boyne yn 1690 werom efter de Shannon. Dat hie fan gefolgen dat Limerick en Athlone, stêden by wichtige rivieroergongen, twarris in bluodrich belis te fernearen. Beide stêden koenen harren yn it belis fan 1690 noch goed ferwarre, mar waarden by it twadde belis yn 1691 ferslein.

Ek yn 1916 noch makken de oanfierders fan de Peaske-opstân plannen foar de opstannelingen yn West-Ierlân om "de line fan de Shannon" te hâlden, dêr't doe oars neat fan op de hispel kaam.

Kanalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne ferskate skipfeartkanalen op de Shannon oansletten. It Royal Canal en it Grand Canal ferbine de Shannon mei Dublin en de Ierske See. It Grand Canal wurdt net mear brûkt, mar it Royal Canal sûnt 2010 wol wer. De Shannon is hat ferbining mei de Erne, Lower Lough Erne en Upper Lough Erne oer it Shannon-Erne Kanaal. Ballinasloe is mei de Shannon ferbûn troch in lyts kanaal nei de Suck, dy't útmûnet yn de Shannon. It plak Boyle is ferbûn fia it Boylekanaal, de rivier Boyle en Lough Kee. Lecarrow is mei it Lecarrowkanaal yn ferbining mei Lough Ree. By Limerick ferbynt in koart kanaal de Abbey mei Plassey, wêrtroch't it skipfeartferkear de Curraghower Falls mije kin.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Encyclopædia Britannica