Sevenoaks

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sevenoaks
Lizzing yn Kent, Ingelân
Lizzing yn Kent, Ingelân
Sifers
Ynwennertal 18.588 (2001)
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Regio Súd-East
Greefskip Kent
Oar
Tiidsône GMT (UTC+1)
*Simmertiid (UTC+2)
Webside Webside fan Sevenoaks ((in) )

Sevenoaks is in stêd (town) en civil parish yn it bestjoerlike gebiet Sevenoaks, yn it Ingelse greefskip Kent.

It is it haadplak fan it distrikt Sevenoaks en leit súdeast fan Londen en wat grutte oanbelanget folge troch Swanley en Edenbridge.

De oanwêzigen fan de grutte bûtenpleats Knole House, hat laat ta it ûnstean fan in doarp út in al earder besteande delsetting en yn de 13e ieu waard it in merkplak. Sevenoaks waard mei it moderne ferkearsnetwurk ferbûn doe't in tolwei iepene waard yn begjin 18e ieu, mar it spoar berikte it plak relatyf let. Sevenoaks is in typyske sliepstêd fan op-en-del reizgjende wurknimmers, hoewol't definsje dêr ek in grutte wurkjouwer is.

Yn de stêd is de Sevenoaksskoalle festige, dy't al yn 1432 stifte is. It is de âldste sekuliere skoalle fan it Feriene Keninkryk.

De namme Sevenoaks komt fan it Angelsaksyske wurd Seouenaca; de namme fan in lytse kapel tichteby sân iken (Ingelsk: oak) yn wat no Knolepark is. De oarspronklike iken binne al ferskate kearen ferfongen, foar it lêst nei de grutte stoarm fan 1987.

Besjen wurdich[bewurkje seksje | edit source]

Susterstêden[bewurkje seksje | edit source]


Berne yn Sevenoaks[bewurkje seksje | edit source]

--