Springe nei ynhâld

Serious Request

Ut Wikipedy
3FM Serious Request
It glêzen Hûs yn Ljouwert 2013
It glêzen Hûs yn Ljouwert 2013
plak en tiid
lân Nederlân
tiid fan it jier De wike foar krysttiid
evenemint Goeddiedichheid
bysûnderheden
bestean 2004 - No
org. troch 3FM

3FM Serious Request (meastentiids ôfkoarte ta Serious Request) is in alle jierren weromkearende aksje fan 'e Nederlânske radiostjoerder 3FM wêrby't jild ynsammele wurdt foar it goede doel. Trije dj's litte har seis dagen lang sûnder iten opslute yn in Glêzen Hús earnewêr yn Nederlân. Under de tiid dat se opsletten sitte, draaie se dei en nacht platen, yn ruil foar donaasjes troch de harkers. Fierders wurde by de aksje ek bekende Nederlanners ynset en wurde beskate dingen by opbod ferkocht.

De aksje wurdt sûnt 2004 holden yn 'e wike foar de kryst. Nei de aksje wurdt de Top Serious Request útstjoerd, dêr't alle oanfrege platen noch in kear by draaid wurde. Fan 18 desimber oant 24 desimber 2013 stie it Glêzen Hús yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert.

Fan 2018 ôf waard it glêzen hûs ferfongen troch in kuiertocht, mar yn 2021 waard dizze feroaring wer weromdraait en sitte de de dj's wer yn in glêzen hûs, mar mei dit ferskil dat de dj's no al ite meie. Yn 2020 waard der foar it lêst jild ynsammele foar it Reade Krús. Yn 2021 waard der jild ynsammele foar it Wrâld Natoer Fûns, en yn 2022 wurd it jild ynsammele foar de stifting Het Vergeten Kind.

Jier Goed doel DJ's Lokaasje Opbringst
2004 In needhospitaal yn Darfur Giel Beelen,
Wouter van der Goes,
Claudia de Breij
Neude Utert € 915.955
2005 Berne soldaten yn Kongo Giel Beelen,
Wouter van der Goes,
Gerard Ekdom
Neude Utert € 2.203.549
2006 Slachtoffers fan lânminen Giel Beelen,
Sander Lantinga,
Gerard Ekdom
Neude Utert € 2.648.495
2007 Bettere drinkwetterfoarsjenningen Rob Stenders,
Michiel Veenstra,
Gerard Ekdom
Plein De Haach € 5.249.466
2008 Help oan flechtlingen Giel Beelen,
Coen Swijnenberg,
Paul Rabbering
Grote Markt Breda € 5.637.937
2009 Weromkringe fan malaria Giel Beelen,
Gerard Ekdom,
Annemieke Schollaardt
Grote Markt Grins € 7.113.447
2010 Bern dy't har âlden
ferlern hawwe oan Aids
Giel Beelen,
Gerard Ekdom,
Coen Swijnenberg
Markt Eindhoven € 7.471.000
2011 Memmen dy't skansearre binne
troch oarloch en konflikten
Timur Perlin,
Gerard Ekdom,
Coen Swijnenberg
Beestenmarkt Leien € 8.621.004
2012 Werombringe fan poppestjerte Giel Beelen,
Gerard Ekdom,
Michiel Veenstra
Oude Markt Ynskedee € 13.839.731
2013 Omtinken foar bern
dy't stjerre troch diarree
Giel Beelen,
Paul Rabbering,
Coen Swijnenberg
It Saailân Ljouwert € 12.302.747
2014 Famkes en froulju
dy't slachtoffer binne
fan seksueel geweld
yn konfliktgebieten
Domien Verschuuren,
Gerard Ekdom,
Coen Swijnenberg
Grote Markt Haarlim € 12.000.438
2015 Jongerein yn oarlochsgebieten Domien Verschuuren,
Giel Beelen,
Paul Rabbering
Pancratiusplein Hearlen € 8.671.288
2016 Werombringen fan stjerte
troch longûntstekking
Domien Verschuuren,
Frank van der Lende
Grote Markt Breda € 9.257.000
2017 Famyljes dy't inoar
út it each ferlern binne
wer byinoar bringe
Domien Verschuuren,
Angelique Houtveen,
Sander Hoogendoorn
Marktplein Apeldoorn € 5.341.385
2018 It rêden fan libbens Sander Hoogendoorn & Eva Koreman,
Jorien Renkema & Rob Janssen,
Mark van der Molen & Rámon Verkoeijen
Gjin glêzen hûs,
der waard kuiere fanôf
Flylân, Weert en Hengelo
€ 1.308.889
2019 Help oan slachtoffers
fan minskehannel
Sander Hoogendoorn & Herman Hofman,
Mark van der Molen & Jorien Renkema,
Eva Koreman & Frank van der Lende
Gjin glêzen hûs, der waard kuiere fan
Goes nei Grins
€ 1.418.513
2020 Medyske help yn de coronakrisis Frank van der Lende & Eva Koreman,
Sander Hoogendoorn & Sophie Hijlkema,
Rob Janssen & Wijnand Speelman en Alfie
Gjin glêzen hûs,
de dj's sieten yn in hangar
op it fleanfjild Twinte
€ 1.601.923
2021 Reinwâlden yn Súd-Amearika
beskermje en werstelle
Rob Janssen,
Frank van der Lende,
Sander Hoogendoorn
Jorien Renkema
Oliemolenhof Amersfoart € 2.000.183
2022 Stifting Het Vergeten Kind Rob Janssen,
Barend van Deelen,
Sophie Hijlkema
De Nieuwe Stad Amersfoart € 2.345.107
2023 Stifting ALS Nederlân Sophie Hijlkema
Wijnand Speelman
Barend van Deelen
Grote Markt Nimwegen