Sclaters kroando

Ut Wikipedy
Sclaters kroando
Sclaters kroando yn 'e dieretún fan Kopenhagen.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai kroandowen Goura
soarte
Goura sclaterii
Salvadori, 1876
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet
Fersprieding (read) fan Sclaters kroando.

De Sclaters kroando of sclaterkroando (Goura sclaterii) is in blaugrize do fan it skaai kroandowen (Goura). De soarte waard yn 1876 troch Tommaso Salvadori as in aparte soarte beskrean, mar foar in hiele skoft waard de fûgel as in ûndersoarte fan 'e readboarstkroando beskôge. De do is ferneamd nei de Ingelske ornitolooch Philip Sclater (1829–1913).

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kop fan 'e Sclaters kroando.

De fûgel is foar it grutste part blaugriis en hat lykas de oare soarten fan it skaai in grutte waaier op 'e krún. It boarst is kastanjebrún oant poarperread fan kleur en de iris is read. Tusken mantsjes en wyfkes is gjin ferskil. De fûgel wurdt 66 oant 73 sm lang en weecht 2 oant 2,24 kg.

De fûgel hat in soad fan 'e readboarstkroando. It iennige ferskil mei dy soarte is dat de Sclaters kroando ek read op 'e fleugels hat.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It iten bestiet út fruchten en sied. Ek wringeleaze dierkes wurde fretten. De Sclaters kroando is foar it meast op 'e grûn te finen. Allinne by gefaar siket er it hegerop yn 'e beammen.

Nêst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sclater kroando boud 3,5 oant 15 meter boppe de grûn in ticht nêst fan twigen, stengels en deade blêden. Se lizze ien aai, dat yn 28 oant 30 dagen útbret wurdt. De jonge fûgel ferlit it nêst nei 28 oant 36 dagen.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sclaters kroando libbet yn it súdwest fan Nij-Guineä. It biotoop bestiet út reinwâld en leechlânbosk, fakentiden yn rivierflakes en ek yn heuvellân. De foarkar giet út nei sompige bosken oant 500 m heech. De fûgel is noch aardich oanwêzich yn gebieten wer gjin of net in soad minsken wenje.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e omkriten fan stêden en in soad bewenning is de fûgel útroege. De Sclaters kroando is in soad bejage en stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as gefoelich foar útstjerren klassifisearre. .

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Sclaters kroonduif (ferzje 14 april 2024)