Samuel Taylor Blue

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Samuel Taylor Blue (18711959), wie in opperhaad fan 'e Katôba (Catawba), in Yndiaansk folk fan it Amerikaanske súdeasten, yn 'e steat Súd-Karolina. Hy sette him o sa yn foar it behâld fan 'e taal en kultuer fan syn folk, en wie djip behelle yn 'e striid om federale erkenning te winnen. Fierders wied er yn Súd-Karolina ien fan 'e liedende figueren binnen de mormoanske tsjerke.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Blue wie de soan fan 'e blanke Amerikaan Samuel Blue en de folbloed Katôba-frou Margaret George Brown. Syn mem brocht him grut yn 'e Katôba-taal, wêrfan't men wol hawwe wol dat Blue de lêste sprekker wie. Hy troude earst mei Minnie Hester George, dy't ein 1896 of begjin 1897 kaam te ferstjerren, en mei wa't er trije bern hie. Neitiid wertroude er mei Louisa Hester Jean Canty, mei waard er yn elts gefal njoggen en mooglik wol tweintich bern krige, al soe it dêrby foar in oansjenlik diel om deaberne poppen gien wêze.

Sûnt 1905 wie Blue behelle yn it bestjoer fan 'e Katôba-stamme. Yn 1909 wied er ien fan 'e ûndertekeners fan in petysje oan 'e Amerikaanske oerheid wêryn't de Katôba om it Amerikaanske steatsboargerskip fregen. Teffens wied er letter belutsen by in soartgelikens fersyk yn 1937. Want hoewol't ûnder in federale wet út 1924 yn prinsipe alle Yndianen yn 'e Feriene Steaten it steatsboargerskip krigen, erkende de steat Súd-Karolina de Katôba pas as steatsboargers yn 1944. Oant dy tiid fungearren Blue en syn folksgenoaten dus as steateleazen mei alle swierrichheden dy't dêrmei mank giene (bgl. oangeande reizgjen, mei't se gjin paspoart krije koene).

Yn 1928 waard Blue foar it earst keazen as opperhaad fan 'e Katôba, in funksje dy't er oant 1939 beklaaie soe en nochris foar in koarte perioade yn 1956. Fan 1939 oant syn dea waard er ek rûnom beskôge as ien fan 'e wichtichste lieders fan syn folk, al hied er datoangeande doe formeel gjin amt. Under syn termyn as opperhaad spriek Blue geregeldwei yn Kolumbia it steatskongres fan Súd-Karolina ta oangeande oangelegenheden dêr't de Katôba mei te krijen hiene. Yn 1929 sette er útein mei de striid foar de lânrjochten fan 'e Katôba, in proses dat úteinlik pas yn 1993 besljochte wurde soe. Dêrnjonken wied er in liedend figuer by it krewearjen fan 'e stamme om federale erkenning te krijen, wat yn 1941 slagge. Fierders died er alle war om 'e kultuer fan syn folk te behâlden en te beskermjen, wurke er gear mei ferskate foaroansteande taalkundigen om safolle mooglik kennis oer de útstjerrende Katôba-taal foar it neislachte te bewarjen, en wied er in fûleindich tsjinstanner fan alkoholkonsumpje.

Dat lêste hie ek te krijen mei de oare grutte ynlfoed yn syn libben: de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen. Blue waard yn 1897 doopt as lid fan dy mormoanske tsjerke, en tsjinne fan 1909 oant syn dea yn 1959 as foarsitter fan 'e pleatslike ôfdieling dêrfan. Yn 'e iere tweintichste ieu holp er ferskate mormoanske misjonarissen om oan poerlulke klibers lju fan oare kristlike denominaasjes, lykas de baptisten, te ûntkommen. Yn 1950 reizgen hy en de frou alhiel nei Salt Lake City, yn Utah, it hert fan it mormoanske leauwe, dêr't er op 9 april fan dat jier de Algemiene Synoade taspriek. By syn dea, yn 1959 hie Blue 119 pakesizzers en oerpakesizzers.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.