Salomon de Wolff

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sam de Wolff
Boarne Joadsk Histoarysk Museum

Salomon (Sam) de Wolff (Snits, 13 augustus 1878 - Amsterdam, 24 novimber 1960) wie in ekonoom, politikus en sionist.

Hy wie in soan fan grossier yn manufaktueren Abraham de Wolff en Goudje de Vries. Hy folge it gymnasium yn Snits fan 1891 oant 1897 en studearre dêrnei yn it earstoan medisinen. Yn 1910 boaske er mei Sara Veldman. Sy krigen ien soan. Nei har ferstjerren (11-12-1941) troude er op 31-1-1946 mei Anna Maria Gruntjes. It pear krige gjin bern.

De Wolff waard in fûl sosjalist. Hy publisearre in protte- en grut ferskaat oan artikels. Hy wie ien fan de oprjochters fan 'Poale Zion' (sionistyske sosjalisten).

Publikaasjes[bewurkje seksje | edit source]

  • Het economisch getij. Bijdrage tot de verklaring van het conjunctuurverschijnsel (Amsterdam, 1929).
  • De huidige conjunctuur (Amsterdam, 1930);
  • De crisis (Amsterdam, [1932]);
  • Het heldenleven en de levende leer van Karl Marx (Amsterdam, 1933);
  • Geschiedenis der joden in Nederland. Laatste bedrijf (Amsterdam, 1946).

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • J. van der Wijk, Inleiding, yn Strijdenskracht door wetensmacht. Opstellen oanbean oan S. de Wolff by gelegenheid fan syn 60e jierdei (Amsterdam, 1938);
  • F. Kiel, Sam de Wolff uniek socialist, yn De Groene Amsterdammer, 9-8-1958; 3-12-1960;
  • W. Drees, yn Socialisme en democratie 18 (1961) 530-533;
  • C.H. Wiedijk, Sam de Wolff en het ontstaan van het Sociaal-Democratisch Centrum in de Partij van de Arbeid (Haarlim, 1971);
  • M. van Amerongen, Bij Marx, mijn profetie zal vóór 21 juni in vervulling gaan! Het leven van Sam de Wolff..., yn Vrij Nederland, 9-9-1978;
  • M. van Amerongen, 'Linkervleugel... Het leven van Sam de Wolff, yn Vrij Nederland, 16-9-1978;
  • B. van Tijn, 'De Wolff- profeet van betere tijden', yn Het Parool, 8-5-1980.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: