Rudolf Haraldsoan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Rudolf of Rodulf, wie in Deenske Wytsing, dy't yn de 9e ieu (864-873) oer it Sieuske eilân Walcheren hearske hat.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Rudolf wie de soan fan Harald dy't nei alle gedachten syn heit opfolge hat as greve fan Walcheren.

Yn de skreaune boarnen is oer him optekene dat er ferskate plondertochten dien hat yn it Frankyske ryk. Tegearre mei syn omke Rorik hie hy yn 873 in moeting mei de Frankyske keizer Lotarius II. Dêrby stelde hy sokke hege easken dat dy troch de keizer net ynwillige wurde koenen. Ut rankune sloech er yn de kuststreken oan it plonderjen. Hy sneuvele yn Eastergoa, fermoedlik yn Dokkum tsjin de Friezen.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Gerlof Verwey, Geschiedenis van Nederland, Amsterdam, 1995, side 102.