Robert Southey

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Robert Southey

Robert Southey (Bristol, 12 augustus 1774Keswick, 21 maart 1843) wie in Ingelsk dichter, proazaskriuwer en bibliofyl út de tiid fan de Romantyk.

Yn 1813 waard hy, mei Sir Walter Scott as kroade, beneamd ta Poet Laureate (hofdichter). Mei William Wordsworth en syn freon en sweager Samuel Taylor Coleridge wurdt hy rekkene ta de Lake Poets, dichters dy't wennen en arbeiden yn de Marrekrite fan Ingelân. Hy is net sa ferneamd wurden as dy oare twa, mar hy wurdt yn Ingelân noch wol lêzen. De gedichten The Inchcape Rock, After Blenheim en My days among the dead are past behearre ta syn meast ferneamde wurk. Fan syn proazawurk, ek ferskate biografyen, is Life of Nelson in klassyk wurk wurden. Fierders hat er in soad essays, brieven en histoarysk wurk skreaun. Ut it Spaansk en Portugeesk hat er in tal boeken yn it Ingelsk oerset.

Southey wie befreone mei de Nederlânske dichter Willem Bilderdijk.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Karút

  • Thalaba, the Destroyer (1801)
  • Metrical Tales (1804)
  • Madoc (1805), oer de potinsjele ûndekker fan Noard-Amearika
  • The Curse of Kehama (1810)
  • Life of Nelson (1813)
  • Roderick, the Last of the Goths (1814)
  • History of Brazil (1810-19)
  • History of the Peninsular war (1823-28)