Marrekrite (Ingelân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nasjonaal park Lake District
It Skiddaw massyf, Keswick en Derwent Water sjoen fan Walla Crag ôf.
Glenridding en Ullswater

De Marrekrite, Lake District of koartwei The Lakes, is in berchige krite yn it greefskip Cumbria yn it noardwesten fan Ingelân. It grutste part fan de krite waard yn 1951 nasjonaal park. It is ien fan de tretjin nasjonale parken yn it Feriene Keninkryk en it op ien nei grutste.

Alle toppen yn Ingelân boppe de 900 meter lizze yn it de Marrekrite ek de heechste fan Ingelân, Scafell Pike (978 m).

It Lake District hat 16 meren, dy't meast langhalich fan foarm binne. De ferklearring dêrfoar is dat yn de pleistosene iistiid de rivierdellingen troch gletsjers yn brede dellings feroare waarden.

De meast ferneamde marren binne Windermere (14,7 km²), Coniston Water, Ullswater, Thirlmere, Derwent Water en Bassenthwaite Lake.

Ferneamde hichten (Fells) binne Coniston Old Man, Scafell (965 m), Scafell Pike (978 m), Skiddaw (931 m), Great Gable, en Helvellyn. De hichten binne rûch, mar wol gaadlik foar lange kuiertochten. Teffens binne der dreger rûtes foar berchbeklimmers. It waar yn de Marrekrite kin hurd feroarje en ta gefaarlike omstannichheden late at minsken d6er net op taret binne.

It klimaat is der tige wiet: it reint en snijt der in soad. Op guon plakken, dêr't de troch de Golfstream ferwaarme, befochtige oseaanwyn tsjin de hichten omheech giet, ôfkuollet en syn wetter ferliest, falt 3000 mm deslach it jier (Nederlân: 700-800 mm). It lânskip is sadwaande altyd tige grien. Fral op gruttere hichten is it kâld, de dellings wurde beskerme troch ynfloed fan de Golfstream. Mist is normaal yn alle seizoenen fan it jier; de fells hawwe deis trochstrings mar 2,5 oeren sinne, fierder de kant fan de kust út wurde dat sa'n 4,1 oeren deis.

Neist it toerisme is de skiephâlderij (al sûnt de Romeinske tiid), dy't slim te lijen hân hat fan de tongblierepidemy fan 2001, en boskbou (konifearen) in wichtige ynkomsteboarne.

Toerisme[bewurkje seksje | edit source]

It toerisme is fanâld in wichtige ekonomyske faktor. Toeristyske plakken binne fral Keswick (siz: 'kezzik') en Ambleside.

De marren waarden yn it Viktoriaansk tiidrek lanlik ferneamd troch de Romantyske dichters William Wordsworth (fan I Wandered Lonely as a Cloud), Samuel Taylor Coleridge (fan Rime of the Ancient Mariner) en Robert Southey, dy't allegear in lang of koart skoft tiid yn de krite wennen en dêrom ek wol de Lake Poets neamd wurde.

Letter wie Beatrix Potter, de tekenares en skriuwster fan de ferhalen mei ûnder oaren Peter Rabbit in ferneamde ynwenster fan Ambleside; allerhanne handel mei plaatsjes fan figueren út har wurk binne yn alle sûvenierwinkels te krijen. In attraksje wijd oan it wurk fan Beatrix Potter is te finen yn Bowness-on-Windermere. It hûs fan de dichter William Wordsworth, Dove Cottage, en zsyn grêf binne te besjen yn Grasmere.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]